Categorieën
Cultuur Europa Fryslân Geschiedenis

GRUTHEIDSWAAN

Soms lûke oerheden in grutte broek oan, om te ymponearjen! In Loadewyk XIV boude syn Versailles, Ceauceşcu boude yn Boekarest syn ûnbidige nep-paleis en de Steaten fan Fryslân litte de skyline fan’e Ljouwerter binnestêd sûnt in tal jierren folslein behearskje troch harren megalomane provinsjehûs. Té heech, té breed, té grut; it koe setten wêze troch Boubedriuw Trump Ltd. yn NY, dy firma is ek gek fan sokke gebouwen.

Kultuerpaleis Warschauw. © Liuwe van der Meer

In tal jierren lyn seagen wy yn Warschauw dat oare megalomane gebou, it troch de Russen oan’e Poalen skonken Jozef Stalin-paleis fan Kultuer en Wittenskip, boud tusken 1952 en 1955 en de Poalen wiene der grif tige wiis mei, seine de Russen. Us provinsjehûs en it Kultuerpaleis fan Warschauw sjogge beide op jin del, de minske fielt him lyts. Soe dat ek de bedoeling west hawwe?

© Liuwe van der Meer