Hjoed (16 septimber, red. WD) stie der wer in foto yn’e âld Ljouwerter, oer de ynspeksje fan’e grêfkelder fan Iebel van Tiara, dy’t dêryn bysetten is njonken har mem Ydt van Heemstra en dy har mem, de beppe van Iebel dy’t fansels ek Iebel hiet, mar dan Van Heemstra. Beppe, mem en dochter yn ien kelder. De saneamde ynspekteurs hawwe wer efkes de kiste mei wat ferklaaiersklean iepen hân, wat oanlutsen dat der wol wat âld útsjocht al kloppet der ek neat fan en sjoch, men is klear foar de ynspeksje. Ach, it is in toanielstikje wurden, mei flodderklean en al, dy saneamde jierlikse ynspeksje. Mar kloppet dit byld wol?
Iebel van Tiara, net troud, hie by har dea yn 1694 yn har testamint in grutte pleats mei 40 hektare lân by Easternijtsjerk fermakke oan it diakonale weeshûs yn Frjentsjer. (Dat stie doe by de brêge wêr’t tritich jier earder Johan Maurits van Nassau (ja, de man fan it Mauritshûs) mei syn hynder troch de brêge sakke wie. Der sit noch in stientsje yn’e muorre). Fan’e opbringst moasten de bern yn it weeshûs mei ûnderholden wurde en fierder moasten de fâlden fan it weeshûs elts jier fjirtich goudgûnen nei de tsjerkfâlden fan Kimswert bringe om mei dat jild de grêven en de famyljebanken fan’e Heemstra’s mei ûnderhâlde te kinnen. Iebel hie safolle jild dat de tsjerkfâlden fan Kimswert koene nei 1694 ek noch in kear it hiele tsjerkeinterieur fernije troch in legaat fan har. Fandêr dat har pertret yn’e Kimswerter tsjerke hinget.
No stie der ek yn it testamint dat de fâlden fan it Frjentsjerter weeshûs de grêven ynspektearje moasten. En dêr sit foar my in ûndúdlikheid dy’t de tsjerkfâlden fan Kimswert en de minsken fan’e Hervormde Stichting Diaconale Goederen van Frjentsjer, de opfolgers fan’e fâlden fan it net mear besteande weeshûs, op harren eigen wize ynfulle: de grêfkelder moat iepen en de bonkjes fan de beide Iebels en de iene Ydt moatte teld wurde, alteast, sa lizze se dit út. Goed foar it toerisme, want minsken binne sljocht om nei deaden te sjen, as it mar bonkerakken binne, of yndroege, ta mummy’s kearde minsken. Sjoch mar ris yn Wiuwert, it tilt der op fan’e toeristen.
En hjir leit foar my in grins. Ik leau der neat fan dat de fâlden fan it Frjentsjerter weeshûs yndertiid ek yn’e grêfkelder giene! Foar de minsken út’e 17de en 18de iuw wie in grêfkelder in grêf, dêr leine minsken “in de eeuwige rust”. In grêfkelder waard allinne iepene om der wer immen by te setten, desnoads waard der wat romte makke troch skeletresten yn in hoeke del te lizze en it ferkrommele hout fan fergiene kisten op te romjen. Ek moast der soms grûnwetter út’e kelder helle wurde. Mar in grêfkelder hoecht net iepen foar in kontrôle! As de slútstien fan’e kelder net fan syn plak west hat, dan lizze de liken echt noch wol yn harren kiste! In grêfkelder hat ek net in doar, jo moatte in swiere stien fan’t plak helje om de treppen nei ûnderen bleat te lizzen. In hiele operaasje dus.
Ik wit net wannear’t dy saneamde ynspeksjes begûn binne, ik kin der yn âlde kranten neat oer fine. Of stiet der wat oer yn’e tsjerkerekkenboeken fan Kimswert? Hoe’t men it ek besjocht, yndertiid hawwe de fâlden fan it weeshûs harren taak as ynspekteurs yn elts gefal net goed útfierd as se ècht jierliks yn’e kelder west hawwe soene: de kisten fan’e trije froulju binne folslein ferdwûn en dat soe net bard wêze as men elts jier yn’e kelder sjoen hie!
In 17de iuwsk deafet (okee, deadskiste) wie by rike minsken altiten makke fan ikenhout fan minstens 5 sentimeter dik, sjoch mar ris yn Wiuwert, dêr steane noch seis út dy tiid, en as de dames Van Heemstra/van Tiara ek yn sokke kisten bysetten binne, en nim fan my oan dát se sá bysetten binne, dan hiene se der, seker by in jierlikse ynspeksje, nóch wol stien en oars hiene de ynspekteurs wol opdracht jûn om stikken fan’e kiste te fernijen, foar fjirtich goudgûnen koe men bêst in tal iken planken keapje yn Harns.
Wat men jin yn Kimswert ek ôffreget: wêr binne de kistplaten keard? Op eltse kiste fan in eal persoan waard in tinnen plaat(sje) spikere wêr’t de namme en de berte-en stjerdatum op gravearre waard, sjoch mar ris yn’e tsjerke fan De Geast, dêr hawwe se in grut tal platen opfandele út’e grêfkelders wei. De measte kistplaten binne weiwurden omdat de kelders nei 1829 net wer iepen west hawwe, allinne as der konstruktyf wat mei it tsjerkegebou barre moast, kamen se wolris iepen.
Yn’e measte gefallen wie dat in teloarstelling; troch it grûnwetter wie de ynhâld fan’e kelders meastal folslein ferwurden ta in mjoksel fan modder, houtresten, bonken en miskien wat stikken stof fan kistebeklaaiing en klean. En dat dreau dan wat om yn it grûnwetter. Nee, jo moatte it jo net te fris foarstelle! En meastentiids waard dy ynhâld dan opromme, freegje mar net hóe. Sa rekken ek de kistplaten wei, kamen earne yn in laad of waard it plaatsje omraand ta wat oars.
Der binne gjin kistplaten fan’e beide Iebels fûn en ek dy fan Ydt is der net mear, in bewiis fan net goed útfierde ynspeksje. Ik mei oannimme dat de hearen fâlden it harren goed smeitsje litten hawwe nei ôfrin, yn’e herberch..
As de tsjerkfâlden fan Kimswert wat histoarysk besef hawwe soene, dan lieten se foar de trije froulju in tal kreaze deadskisten meitsje en harren oerbliuwsels dêryn in plakje jaan, en dan de kelder ticht. Dy kelder kin simpel fersegele wurde mei wat semint. Okee, jimme misse dan dy jierlikse operette, mar wês earlik: jimme soene dochs ek net graach neaken en bleat op sa’n tsjinblêd op’e kâlde flier fan sa’n kelder lizze wolle? No dan!
© Liuwe van der Meer