Troch Wendy Kennedy op OmropFryslân.nl
Kulturele manifestaasje Arcadia stiet op it punt te begjinnen, mar de finansiering fan it topstik ‘Bouwurk’ is noch net rûn. De gemeente Ljouwert, opdrachtjouwer en eigener fan it projekt, hat gjin rekken holden mei de boukosten.
As opfolger fan kulturele haadstêd wurdt der eltse trije jier in lytsere fariant organisearre: Arcadia. Trije jier lyn wie de earste edysje en kuiere der 100 dagen lang in grut bosk troch Ljouwert hinne.
Dit jier wurdt de twadde edysje organisearre mei as grutte lûker in duorsum bouwurk dat op it Aldehouster Tsjerkhôf komt. Arcadia docht dit yn oparbeidzjen mei de gemeente Ljouwert.
De gemeente Ljouwert is opdrachtjouwer foar de bou en wurdt nei de tiid eigener. Ljouwert hat earder al 1,1 miljoen euro beskikber steld foar it bouwurk, mar dat is jild foar de bedriuwsfiering en it programma. De kosten foar de bou binne hjiryn net meinaam.
Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17265317/gemeente-ferjit-boukosten-ekstra-jild-nedich-foar-projekt-arcadia