Categorieën
Fryslân Politiek Wonen

Fryslân wol 4 miljoen foar 15 projekten yn lytsere kearnen

(tekst: provinsje Fryslân)

Alve Fryske gemeenten tsjinje mei-inoar in subsydzje-oanfraach yn by it Ryk foar de sechsde iepenstelling fan de saneamde Woningbouwimpuls-regeling (WBI). Yn totaal giet it om in oanfraach foar fjouwer miljoen euro foar 15 projekten. Dizze oanfraach, ek wol ‘Kleine Kernen Aanpak’ neamd, moat derfoar soargje dat der mear betelbere wenningen boud wurde yn Fryslân.

Nei oanlieding fan de Friese Woondeals (april 2023) hat minister De Jonge de WBI iepensteld foar in gemeente oerstiigjende bondeling fan wenningbouprojekten. Dêrmei kinne – njonken grutte – ek lytse projekten profitearje fan in finansjele bydrage fan it Ryk. “En dat is tige wichtich,” seit wethâlder Bert Koonstra fan de gemeente Noardeast-Fryslân. “Ek yn de lytsere kearnen yn Fryslân moatte betelbere wenningen realisearre wurde kinne. Dêrom hawwe wy dit mei oare Fryske gemeenten oppakt. Sa kinne mei de Wenningbouwimpuls-regeling ek lytsere projekten yn plattelânskearnen finansjeel stipe wurde troch it Ryk.”

De provinsje Fryslân stipet de mienskiplike oanfraach, sawol prosesmjittich as ynhâldlik. Deputearre Sijbe Knol: “Wy hawwe mei it Ryk ôfspraken makke oer it dwaan kinnen fan in mienskiplike oanfraach troch gemeenten foar dizze regeling foar lytsere projekten. Den Haag moat him nammentlik realisearje dat der mear is as allinnich grutskalige wenningbou. Krekt dizze projekten yn de lytse kearnen binne foar in provinsje as Fryslân fan grut belang. Yn eardere regelingen koe der allinne de gemeente in oanfraach dien wurde. Om in subsydzje-oanfraach dy’t past by de skaal fan projekten op it Fryske plattelân dwaan te kinnen, moast de regeling oanpast wurde. Mar ek dy paste lykwols noch hieltyd net. Yn desimber hawwe wy dêrom ôfspraken makke mei de minister wêrtroch it mooglik wie om mei-inoar dochs in goeie oanfraach dwaan te kinnen.”

Neffens de dielnimmende gemeenten en de provinsje wie it úteinlik dochs noch in pittige put om ta in ynhâldlik goede oanfraach te kommen. Hoewol’t de regeling troch it Ryk iepensteld is foar in mienskiplike oanfraach, wurde oanfragen noch hieltyd toetst as hat it betrekking op de wenningbousituaasje yn ien gemeente. Hoewol’t der by gemeenten folle mear wenningbouplannen op de planke lizze, moast der dêrom keazen wurde foar plannen dy’t binnen ien subsydzje-oanfraach gearhing toane. Mei de oanfraach litte gemeenten en provinsje sjen mei-inoar oplûke te kinnen en oer eigen grinzen hinne sjen te kinnen. “En dat moat ek,” seit Chris van Hes as bestjoerlik lûker fanút de VFG. “Yn Den Haag regearje ‘de grutte oantallen’. As wy as Fryslân dan wat berikke wolle, moatte wy sjen litte dat wy gearwurkje kinne. As Fryslân litte we resultaten sjen. Dêrom gean ik der fan út dat it Ryk yn de takomst har beurs earder lûke sil om de fraachstikken yn ús provinsje op te lossen. Dat dizze gemeenten mei-inoar yn sa’n koart skoftsje tiid al in mienskiplike WBI-oanfraach dogge is unyk en fyn ik foar Fryslân in boppeslach.” De gemeente Noardeast-Fryslân tsjinnet dizze oanfraach yn út namme fan de alve gemeenten. It is no ôfwachtsjen op in posityf beslút op de oanfraach.