Yn Fryslân komme wy meikoarten mear Frysk tsjin op strjitte en yn iepenbiere gebouwen. Minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken en de Fryske deputearre Sietske Poepjes hawwe dat hjoed fêstlein mei de ûndertekening fan it Sichtberensakkoart Frysk. De oerienkomst is in oanfolling op de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023.
De provinsje wol safolle mooglik buorden lâns wetter- en autodiken yn it Frysk of twatalich meitsje. It Ryk begjint in proef mei twatalige ynformaasjebuorden foar tydlike paadwizers en foarljochting lâns rykswegen. Ek moatte der mear twatalige ynformaasjebuorden yn de iepenbiere romte komme.
It Frysk is wetlik fêstlein as taal neist it Nederlânsk. Dat betsjut dat ynwenners fan Fryslân it Frysk brûke meie yn de rjochtbank en yn harren kontakten mei oerheden. Mar it belang fan it Frysk is ek grut yn de maatskippij.