Fryslân krijt in nije koälysje fan BBB, CDA, FNP en ChristenUnie. De ûnderhannelers fan de fjouwer partijen binne it iens wurden.
Op ynhâld hawwe BBB, CDA, FNP en ChristenUnie oerienstimming berikt. Formateur Chris Stoffer makke dat bekend.
Ek oer de ferdieling fan portefúljes kinne de partijen elkoar fine, mar it lêste wurd dêroer is oan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten.
De beneaming fan de deputearren sil op woansdei 19 july wêze. Dan sil ek it bestjoersakkoart op de aginda fan Provinsjale Steaten stean. De Steaten krije it op 13 july oanbean.