Categorieën
Cultuur Fryslân Kunst

Fries Museum giet ‘op paad’ troch de provinsje mei kolleksje fan Fryslân

Oftraap trijejierrige toer op sneon 5 oktober yn Swichum

Op sneon 5 oktober begjint it Fries Museum syn jierrenlange toer troch de provinsje. Mei it projekt Fries Museum op Paad reizget it museum hast trije jier mei museumstikken troch Fryslân, nei de plakken dêr’t se wei komme. De foarwerpen foarmje op lokaasje de basis foar moeting, ferbining en goede petearen. Wat betsjut erfgoed foar ús? Wat fertelt it oer my en myn identiteit? Is it belangryk om keunst en erfgoed te bewarjen? En: watfoar oantinkens en ferhalen oer in plak ropt sa’n foarwerp op?

It earste programma op 5 oktober fynt plak yn Swichum. It museum is dan ‘op paad’ mei in iermidsiuwske Domburgfibula. De mantelspjelde waard yn 2020 fûn by it doarp troch detektorsiker Robbert Velt. De fibula is yn Swichum foar it earst te sjen foar publyk. Ek binne der workshops, fertelle eksperts ferhalen oer de fibula én is der livemuzyk fan Brassband Wirdum. It projekt wurdt mooglik makke troch de VriendenLoterij. Benijd nei it folsleine programma, of wolst witte wannear’t de bus by dy yn ‘e buert is? Sjoch dan foar mear ynformaasje op friesmuseumoppaad.nl.

Stikjes fan dy

Mei mear as 200.000 foarwerpen beheart it Fries Museum de grutste provinsjale kolleksje fan Nederlân. Al dy museumstikken sizze wat oer Fryslân en de Friezen, en binne dêrmei ûnderdiel fan it DNA fan de provinsje en syn ynwenners. Mei it projekt Fries Museum op Paad bringt it museum ynwenners fan Fryslân yn kontakt mei dy stikken, en dêrmei mei har eigen skiednis en kultuer. It wurdt in moeting fan wjerskanten, want it museum sil ek ferhalen fan bewenners dokumintearje. Sa wurdt op itselde plak en stuit de kennis oer de kolleksje ferrike en it ‘ferhaal fan Fryslân’ libben holden. It museum is hast alle wiken op in oar plak yn Fryslân te finen. Sjoch foar de komplete aginda op www.friesmuseumoppaad.nl/agenda.

De fibula fan Swichum

Ien fan de stikken dy’t diel útmakket fan it ferhaal fan Fryslân is in bysûndere Domburgfibula (mantelspjelde) út de sânde iuw. De fibula waard yn 2020 troch detektorsiker Robbert Velt fûn by Swichum en is letter yn dat jier opnommen yn de kolleksje fan it museum. Op sneon 5 oktober keart de fibula wer efkes werom nei it fynplak by de ôftraap fan Fries Museum op Paad.

Programma

Fanôf 15.30 oere organisearret it museum, yn gearwurking mei it Tsjerkje fan Swichum, in feestlik iepeningsprogramma foar jong en âld. Besjoch de echte fibula en gean dêroer yn petear. Genietsje fan bysûndere ferhalen fan finer Robbert Velt en ekspert Diana Spiekhout (konservator by it Fries Museum). Of sko mei it hiele gesin oan by in workshop pronkjuwielen meitsje. Ek is der livemuzyk fan Brassband Wirdum.

Tank oan de VriendenLoterijIt Fries Museum is geweldich bliid mei in golle skinking fan de VriendenLoterij fan 1 miljoen euro foar Fries Museum op Paad, wêrtroch’t elkenien yn Fryslân genietsje kin fan Fryske topstikken. De VriendenLoterij fiert wat it libben moai makket: ús ferbûnens mei oaren en mei ús keunst en kultuer.

Fries Museum op Paad wurdt mooglik makke troch de VriendenLoterij.

Fries Museum op Paad wurdt mei mooglik makke troch it VSBfonds, Mondriaan Fonds, Cultuurfonds, Iepen Mienskipsfûns, Haaima Hylkema, FGD Assurantiën, FGD Lease, Meindersma Sybenga Stichting en de Boersma Adema Stichting.

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch Wynpark Fryslân, de Provinsje Fryslân, it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de VriendenLoterij, Ir. Abe Bonnema Stichting en de Freonen fan it Fries Museum.