Categorieën
Fryslân Literatuur

Friduwih Riemersma – Praatsje foar Bloedprikke

(tekst: Friduwih Riemersma by de presintaasje fan Bloedprikke en Do, lêste rebel! / Jij, laatste rebel!, boekhannel Van der Velde, Snits, 7 novimber 2023

It is ornaris better om net oer poëzy te praten, as jo it út de wei gean kinne. ‘Is dizze poëzy net gewoan prachtich’, is in oardiel dêr’t jo net fier mei komme op ’e dyk. Want net elkenien ûnderfynt keunst op deselde manier. Priizgjen fan poëzy ûnderstelt in konsensus. Yn jo kulturele mienskip en jo mediabûl binne jo it allegearre iens dat poëzy om te gûlen wêze moat. Mar dat is net altyd en oeral sa. Foar Plato wie in gefoelsreaksje op poëzy eat fan in legere oarder. It gie om it berop op it ferstân. 

Ek wurdt poëzy te uzes sjoen as in wedstriid. Fryslân ken mear prizen as (literêre, berops-) dichters. Is Abe syn poëzy better as oare poëzy? Faaks al, mar dêr giet it net om. Wedstriden stelle smaak foar as objektyf hifkjen, en kommersjele belangen as in feest fan suverheid. Mar de list fan winners lit de bekrompenheid fan de prestiizjenetwurken sjen. It binne wite, kristlike, net-jonge, Frysk-nasjonalistyske manlju. In hiele lytse sjuery achtet tafallich it wurk fan ien fan har it moaist. Dy krijt dan in bats jild en syn útjouwer ferkeapet in pear bondels mear. 

Lês mear fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2023/11/friduwih-riemersma-praatsje-foar.html