(tekst: provinsje Fryslân)
Sekretaris-generaal Frans Weekers fan de Benelux Unie sprekt dit jier de Rede van Fryslân út. Op 30 novimber sil hy yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert syn fyzje jaan op de relaasje fan Fryslân mei de Benelux en Europa.
Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M.Brok: “Europa is relevanter as ea. Regio’s wurde hieltiid wichtiger yn it Europa fan de takomst. Takom jier binne der wer Europeeske ferkiezings. Hoe ferhâldt Fryslân him ta Europa en de Benelux. Hoe kin Fryslân harsels ynternasjonaal profileare. Wat kin Europa betsjutte foar Fryslân en oarsom?”
Hans Weekers (1967) is sûnt 1 jannewaris dit jier sekretaris-generaal fan de Benelux Unie. Derfoar wie hy ûnderoaren steatssekretaris fan Fynânsjen yn de kabinetten Rutte I en II, waarnimmend boargemaster fan Heerlen en Beek en bewâldfierder fan de Europese Bank foar Wederopbouw en Ontwikkeling yn Londen.
Tradysje
De Rede fan Fryslân is in jierlikse tradysje. Op útnûging fan de kommissaris fan de Kening hâldt in prominint persoan mei it each op de takomst Fryslân in spegel foar. Eardere sprekkers wiene ûnderoaren minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hanke Bruins-Slot, publisiste Tamarah Benima, minister fan Lânbou Carola Schouten en NOS-waarman Gerrit Hiemstra.
De Rede is ek te folgjen fia in livestream op de site fan de provinsje Fryslân.