Troch provinsje Fryslân
Deputearre Steaten hawwe de leden fan de advyskommisjes Musea en Keunstynstellings 2026-2028 beneamd. Dy kommisjes spylje in wichtige rol by de beoardieling fan subsydzje-oanfragen en it fuortsterkjen fan it kulturele lânskip yn de provinsje. Minke Schat is oansteld as foarsitter fan de Advyskommisje Musea. Dennis Wiersma nimt de rol fan foarsitter by de Advyskommisje Keunstynstellingen op him.
Oanfragen foar de subsydzjeregeling Keunstynstellingen Fryslân 2026-2028 en subsydzjeregeling Musea Fryslân 2026-2028 dy’t oan alle formele easken foldogge wurde beoardiele troch ûnôfhinklike (eksterne) advyskommisjes. Dy kommisjes oarderje de oanfragen op basis fan de beoardielingskritearia yn de subsydzjeregelings en advisearje dêrmei Deputearre Steaten oer de ferdieling fan beskikbere subsydzjemiddels.
Deputearre Knol: ‘In sterk en libbendich kultureel fjild begjint by goede stipe en saakkundig advys. Ik bin derfan oertsjûge dat dizze advyskommisjes mei harren ynsjoch en grutte hert foar de Fryske kulturele sektor, in weardefolle bydrage leverje oan it kulturele lânskip fan ús provinsje. Ik sjoch út nei de gearwurking en harren advizen’
Foarsitter Advyskommisje Musea 2026-2028
Minke Schat is beneamd ta foarsitter Advyskommisje Musea 2026 -2028. Se is hikke en tein yn Fryslân en wennet op it stuit yn Amsterdam. Schat is direkteur fan museum Panorama Mesdag yn De Haach. Earder beklaaide se meardere bestjoers- en tafersjochsfunksjes yn de kulturele sektor. Yn 2020 wie Minke Schat ek foarsitter fan de Advyskommisje Musea wêrby’t se oanfragen foar 2021-2024 beoardiele hat.
Foarsitter Advyskommisje Keunstynstellings 2026 -2028
Dennis Wiersma is beneamd ta foarsitter Advyskommisje Keunstynstellings 2026-2028. Hy groeide op yn Fryslân en wennet hjoed-de-dei yn Hilversum. Yn it deistich libben is hy organisaasje-adviseur by de Galan Groep. Earder wie Wiersma Twadde Keamerlid út namme fan de VVD, steatssekretaris fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid en minister foar Primêr en Fuortset Underwiis.