Hieronder de brief aan gedeputeerde Matthijs de Vries (ChristenUnie).
Rju achte hear De Vries, bêste Matthijs,
Yn de ôfrûne wiken binne der op ‘e nij wer meardere oanfallen op skiep west, heechst wierskynlik troch ien of mear wolven. Neist de skea foar de feehâlders, sawol finansjeel as emosjoneel, liedt dat ek ta in soad ûnrêst ûnder de ynwenners fan ús provinsje.
De FNP wurket al jierren oan in bettere regeling om mei de wolf om te gean. Sa fierde jo foargonger, FNP-deputearre Fokkinga, fjouwer jier lyn spesifyk wolvebelied yn foar Fryslân. Der kamen fergoedings foar previnsje, in gebietskommisje en in wolvekonsulint om feehâlders te
helpen. Likegoed blykt dat der no mear nedich is, en wy binne der wiis mei dat jo hjir hurd mei oan de slach binne, sawol mei it nije IPO-wolveplan fan de provinsjes en ek yn oparbeidzjen mei de steatssekretaris op it mêd fan de Lanlike Oanpak Wolven.
Oer de faasje by de útfiering fan it nije belied hat ús fraksje wol grutte soarch. Yn it keamerbrief fan 17 desimber skriuwt de steatssekretaris dat ûnderdielen fan de oanpak, de kapasiteit en de middels noch oerlein wurde moatte tusken Ryk en provinsjes. Der is noch in soad ûnwis oer de
bekostiging fan de oanpak en de útfieringskapasiteit.
Yntusken hawwe ús feehâlders grutte problemen en libbet breed it sentimint dat alle wolven de kûgel krije moatte. Wêrom docht de polityk neat? De FNP sjocht it reële gefaar dat guon ynwenners it rjocht yn eigen hân nimme sille en dan mooglik in misdriuw begeane, dêr’t in
strafmaat fan maksimaal 6 jier selstraf of in jildboete fan maksimaal 100.000 euro op stiet.
Us fraksje is fan miening dat wy gjin tiid fergrieme meie. De regelingen foar previnsje moatte better, sadat de feehâlders der echt mei holpen binne. Yn it brief fan 11 febrewaris 2025 jout it kolleezje syn foarnimmen oan om troch te gean mei de besteande regeling. Natuerbeskerming is
in belang foar elkenien, en de kosten dêrfan meie net inkeld by de feehâlders dellein wurde.
It besteande maksimum dat no yn de regelingen sit moat dêrom sa gau as mooglik heger, troch subsydzjeregelingen mei dat doel oan te melden by de Europeeske Kommisje as tastiene steatsstipe. Op it stuit kinne de regelingen al oanpast wurde op de nije de minimis-drompel
bedraggen, dy’t koartlyn fan 20.000 nei 50.000 euro oer trije jier ophege binne. Yn de antwurden fan 28 novimber 2023 op fragen fan de FNP waard doe net yngien op de mooglikheid fan tastiene steatsstipe boppe it de minimis-bedrach. Dêrneist binne der regelingen yn de EU, dêr’t
Nederlân noch gjin gebrûk fan makket, sa’t de Europeeske Kommisje twa jier lyn yn in brief oan de FNP skreaun hat. Yn de Alpenlannen hat de Europeeske Uny bygelyks de ôfrûne jierren fia it LIFE-programma al 3,5 miljoen euro meibetelle oan de beskerming fan greidebisten.
Twa jier lyn hawwe wy de Europeeske Kommisje oproppen om de status fan de wolf ferleegjen, sadat behear mooglik wurdt. Yn desimber 2024 is besletten dat de status fan de wolf yn it Ferdrach fan Bern ferlege wurdt. Fan 7 maart 2025 sil dat beslút definityf wêze, mar moat it noch
oanpast wurde yn de Habitatrjochline en yn de nasjonale wetjouwing. Wy hawwe der by de steatssekretaris, de Europeeske Kommisje en by leden fan it Europeesk Parlemint op oantrune om dy wetjouwing mei faasje te behanneljen.
Wy freegje ek jo om sa gau mooglik – yn oparbeidzjen mei oare provinsjes en de ryksoerheid – alles te dwaan om ús ynwenners sa gau as mooglik te helpen.
Soargje dat de provinsje alle tariedingen klear hat om te hanneljen, sadree binnen de Europeeske Uny de Habitatrjochtline oanpast is. Neffens ús kontakten yn it EU Parlemint soe dat al mei inkele moannen klear wêze kinne, as de Europeeske Kommisje, it Poalske foarsitterskip en in mearderheid fan it parlemint dy oanpassing mei prioriteit behannelje;
Meitsje de subsydzjeregeling foar provinsje sa leechdrompelich mooglik, mei wissigens oer de beskikberheid fan middels op de langere termyn, ek nei 6 maaie 2025;
Sjoch better nei de mooglikheden dy’t der binne om feehâlders in hegere fergoeding te bieden, ek foar de ekstra arbeidskosten dy’t se hawwe foar it pleatsen fan de stekken;
Gean mei de ryksoerheid yn oerlis oer it oansprekken fan beskikbere EU fûnsen, bygelyks it LIFE-programma, of it ELFPO, dat yn û.o. Grikelân, Bulgarije, Slovenië, Italië en Frankryk brûkt wurdt om it fee te beskermjen;
Garandearje dat it ta stân kommen fan better ynterprovinsjaal IPO-wolvebelied it mei faasje oplossen fan de problemen fan ús ynwenners net yn de wei sit;
Kom hurd mei de ryksoerheid en de provinsjes ta ienriedigens oer de bekostiging en de útfieringskapasiteit dy’t nedich is foar it wolvebelied;
Mei freonlike groetnis,
FNP Steatefraksje
Gerben van der Mei, foarsitter
U kunt ook raadplegen: https://www.fnp.frl/nl/blog/nieuws/fnp-stuurt-brieven-over-wolvenbeleid-aan-gedeputeerde-staatssecretaris-en-eu-commissaris/