Categorieën
Dieren Europa Fryslân Politiek

FNP freget help Von der Leyen by oanpak wolf – meitsje behearmaatregels mooglik

(tekst: FNP Fryslân)

Yn in brief oan foarsitter Ursula von der Leyen fan de Europeeske Kommisje freget de FNP om de beskermings-status fan de wolf yn Fryslân op koarte termyn oan te passen. As de Europeeske Kommisje dat docht, dan kriget de provinsje de mooglikheid om behearmaatregels te nimmen om it grutte tal oanfallen fan wolven op fee tsjin te gean.

De earste wolf rûn yn 2015 Nederlân binnen. Op it stuit wurdt de wolf hjir strikt beskerme, omdat de soart neffens saakkundigen net in geunstige staat fan ynstânhâlding hat. Mar it tal wolven rint hiel hurd op en alle wiken binne der tsjinwurdich berjochten fan oanfallen op skiep en oare húsdieren. Dat is in ûnhâldbere situaasje, fynt de FNP.

Sijbe Knol oan Von der Leyen: ‘Wy kinne net mear útlizze wêrom wy yn Fryslân net mear dwaan kinne om de wolve-oanfallen te stopjen. It ferwyt driget dat wy neat dogge, hoewol’t wy harren helpe mei beskermingsmaatregels en advys, Mar wy fiele ús machteleas, want de wolf is strikt beskerme ûnder it EU-rjocht: spesifike wolven kinne allinne yn it uterste gefal deamakke wurde. Dat betsjut dat wy in soad materiële en emosjonele skea akseptearje moatte, foardat in probleemwolf úteinlik oanpakt wurde kin.’

Yn it brief leit de FNP-lieder Kommisje-foarsitter Von der Leyen foar dat de romte foar de wolf en it oanbod oan natuerlike proaidieren yn Fryslân beheind is, wylst ús fee hjir net allinne it ynkommen fan ús ynwenners foarmet, mar ek wichtich is om ús lânskip en besteande weardefolle leefgebieten foar oare (beskerme) bisten yn stân te hâlden.

Knol freget foarsitter Von der Leyen om fluch mei de oankundige beoardieling te kommen oer oft de besteande beskermingsstatus fan de wolf noch nedich is. Mei de hurd stiigjende oantallen fan de wolvepopulaasje yn Noardwest-Europa is it nei alle gedachten mooglik om op koarte termyn de status te ferleegjen en dus behearmaatregels tsjin de wolf te nimmen. De beskerming fan de wolf soe dan itselde wurde as dy fan de populaasjes yn meardere lannen yn East-Europa en yn in diel fan Spanje, wêr’t earder yngrepen wurde kin. 

Sjoch ek fia: https://www.fnp.frl/frysk/nijs/1518/