Categorieën
Energie Fryslân

Enerzjy fan, foar en troch de Friezen mei Local4Local energiehubs

(tekst: provinsje Fryslân)

Enerzjyhubs kinne in positive bydrage leverje oan de Fryske enerzjytransysje. Dat is de wichtichste útkomst fan it ûndersyk fan FREON en provinsje Fryslân nei Local4Local energiehubs. Deputearre Steaten sille, yn ‘e mande mei gemeenten en lokale partijen, oan de slach mei de ûndersyksútkomsten.     

It ûndersyk makket dúdlik dat der mooglikheden binne foar it produsearjen fan betelbere enerzjy mei lokale, Fryske partijen. Mei enerzjyhubs kin de beskikbere netkapasiteit effisjinter brûkt wurde en netkongestje ferlichte wurde en it smyt in stabiler en legere enerzjypriis op. De ferkenningen jouwe ek oan dat mei enerzjyhubs alle jierren sa’n 50 oant 100 miljoen euro minder oan enerzjykosten fuortfloeie út Fryslân.

Deputearre Sijbe Knol: “We sjogge in soad problemen op it enerzjynetwurk, dus der moat wat barre. Neist de útwreidings fan it elektrisiteitsnetwurk, moatte wy ek op in tûke wize sjen nei fraach en oanbod fan enerzjy. Dat sille wy de kommende tiid ferkenne, wêrby ’t wy ek nei it stimulearringsprogramma fan 166 miljoen fan minister Jetten sjogge om saken mooglik te meitsjen.”

Yntinsive gearwurking

Nei oanlieding fan de oannommen moasje yn PS is der ferline jier yntinsyf gearwurke troch de provinsje en it FREON-konsortium, wêrby’t ek de dielnimmers fanút de Fryske Enerzjy Tafel en de Fryske Enerzjy Alliânsje belutsen binne en netbehearder Liander advisearre hawwe. It konsept fan in enerzjyhub is folop yn ûntwikkeling. It basisidee is dat enerzjyfraach en -oanbod yn de foarm fan gas, waarmte en elektrisiteit yn in enerzjyhub lokaal opinoar ôfstimd wurde. Underskiedend yn it ûndersyk is dat dizze hubs (foar in grut part) yn lokaal eigendom binne: in Local4Local energiehub.

Kânsen en knyppunten

Hoewol’t it ûndersyk kânsen sjocht foar Local4Local energiehubs, binne der ek noch knyppunten. Sa is it noch net mooglik om bepaalde kontrakten ôf te sluten mei de netbehearder en kin in netbehearder gjin projekten mei in maatskiplike mearwearde heger op de wachtlist sette. Mar der binne ek mooglikheden. “Wy sjogge bygelyks kânsen foar enerzjyhubs by de gruttere bedriuweterreinen fan de stêden Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits,” sa seit Knol.

Koöperaasjefoarsitter Frans Veltman fan FREON is wiis mei de slachfeardigens fan Deputearre Steaten: “Troch meiïnoar oan ‘e slach te gean, kinne we úteinlik folslein selsfoarsjennend wurde. FREON wol yn ‘e mande mei bedriuwen, ynstellingen en boargers yn ferskate gebieten én yn oerlis mei de oanbelangjende gemeenten en Liander foarbylden útwurkje fan hoe ’t in enerzjyhub yn dat gebiet derút sjen kin.”