Categorieën
Financiën Fryslân Vervoer

Ekstra jild foar better iepenbier ferfier yn Fryslân

(tekst: provinsje Fryslân)

It iepenbier ferfier yn Fryslân krijt alle jierren € 10 miljoen ekstra fan it Ryk. De provinsje foarkomt dêrmei dat de tariven foar it reizgjen mei it iepenbier ferfier yn 2024 mei 12% omheech geane. Ek wol de provinsje mei dat jild it bus- en treinferfier, yn oerlis mei Arriva, oantrekliker meitsje foar de reizger.

Om de kosten foar it reizgjen mei it iepenbier ferfier gelyk te hâlden oan ferline jier, is € 4 miljoen nedich. De oare € 6 miljoen sette provinsje en Arriva yn om de berikberens fan doarpen en stêden mei it iepenbier ferfier te ferbetterjen. Om in kar te meitsjen wêr’t mear bussen ride kinne, is sjoen nei de reizgersgroei, de ferdieling tusken stêd en plattelân, de sprieding troch Fryslân, de ûnderfinings mei de tsjinstregeling 2023/2024 en de winsken út de mienskip wei.

Op basis fan dy kritearia is Arriva mei in earste plan kaam om de tsjinstregelingsoeren fan de bus fan maitiid 2024 ôf út te wreidzjen. “Mei it ekstra jild fan it Ryk geane de kosten foar it reizgjen mei it iepenbier ferfier net omheech en krije wy op in tal linen ekstra bussen. Dat makket it oantrekliker foar de reizger en dat is foar ús as provinsje tige wichtich,” sa seit deputearre De Vries. In oare stap is it oantrekliker meitsjen fan it treinferfier. Provinsje en Arriva tinke dêrby oan koartings foar guon doelgroepen of oan maatregels op it mêd fan sosjale feiligens.

Eftergrûn ekstra jild

Mei-inoar hat de steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Wettersteat jierliks € 300 miljoen beskikber steld foar it regionaal iepenbier ferfier. Dy ekstra middels folgje út de moasje Bikker dy’t troch de Twadde Keamer yn it neijier 2023 oannommen is. Dêrneist is yn reaksje op moasje Krul tasein ferfierders yn 2024 te kompensearjen foar de gefolgen fan de besunigings op it studintereisprodukt. Yn de maitiid fan 2024 stelt it Ryk de ekstra middels beskikber.

Undersiken alternatyf ferfier

Njonken de € 10 miljoen fan it Ryk is der út it bestjoersakkoart wei € 1 miljoen yn it jier beskikber steld foar mobiliteit. Mei dat jild wol de provinsje inisjativen en pilots stimulearje, lykas it ûndersykjen fan alternatyf ferfier yn bûtengebieten. Dêrfoar giet de provinsje de regio yn om de Mienskip te freegjen nei ideeën, winsken en ferlet. Sadree’t de nije busferfierder definityf bekend is, set de provinsje dêrmei útein.