Categorieën
Cultuur Geschiedenis Godsdienst Muziek

Ekskurzje tsjerke Koarnwert 4 maart (1)

De tsjerke fan Koarnwert. Kommende sneon 4 maart giet de ekskurzje fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken ûnder oaren hjirhinne (jimme kinne ek noch nei Skraard en Wûns!) en jou ik yn dizze nijsgjirrige tsjerke de útliz. As it moat, spylje ik ek noch wol in psalmke op it prachtige oargel.

Yn Koarnwert hawwe se yn 1916 de âlde midsiuwske tsjerke hielendal ynpakt yn nije stien, it âlde muorwurk sit noch oan’e binnekant. En it interieur is hiel appart.

De âlde midsiuwske sealtektoer is yn 1898 sloopt en ferfongen troch in toer dy’t fier boppe de begrutting útkaam! Se hiene sa’n 9900 gûne begrutte en it waarden der 13.000! Soks is dus fan alle tiden..

Oan’e súdkant fan’e tsjerke lizze de dichter Obe Postma en syn suster begroeven. Ek wol in besite wurdich! Mei it sammele wurk op’e stien sitte te skriemen, dan bist wer efkes yn’e Romantyk.

Liuwe van der Meer