Categorieën
Cultuur Geschiedenis Verhalen

BESITE OAN DRESDEN

Dresden besjoen. De âlde binnestêd waard yn febrewaris 1945 ûnder lieding fan ”bomber Harris” hast folslein ferneatige, yn’e herboude Zwinger waard dat troch de kommunistyske lieders sa moai omskreaun, sjoch de foto. De Zwinger wie it earste kompleks dat se nei 1945 wer opboud hawwe, it wie in soarte fan paradeterrein foar feesten en konserten, boud ûnder August de Sterke om 1720 hinne. Sjochtst oan’e kleuren fan’e stien wat der nij makke is, en dat is noch al wat..

© Liuwe van der Meer

Wy hawwe de Semper-opera besjoen, mar dêr mochten wy gjin foto’s meitsje. Ûnder it komministyske bewâld waard it tusken 1977 en 1985 folslein opnij opboud yn’e oarspronkelike steat, wat betsjutte dat de folsleine 19de iuwske fersieringen en skilderingen opnij makke binne; it is in wûnder om te sjen.

Silbermann-oargel yn de Hofkirche. © Liuwe van der Meer

Dêrnei hawwe wy de Hofkirche besjoen, se wiene krekt dwaande it oargel te stemmen. Ek dit Silbermann-oargel is folslein opnij makke, it docht suver sear oan’e eagen.

En doe nei de Frauenkirche. Dit is it toppunt fan herbouwen! De púnbulte fan de ynstoarten tsjerke hawwe der lein oan 1994, doe begûn de herbou dy’t duorre oan 2004, it koste in 130 miljoen euro. In tredde part fan’e matearje komt noch fan’e âlde tsjerke, mei in kompjoeterprogram koe men it oarspronkelike plak fan de stikken stien berekkenje, kinst se sitten sjen troch de donkere kleur fan’e stien. It wie der smoardrok, gjin wûnder: dat it fakmanskip fan doe noch altiten bestiet wol elkenien sjen.

Op it plein ieten wy Flammkuchen, in echt Dútsk gerjocht; trouwens, de heale liter Weissbier wie dat ek, in pear oeren letter, want oars kin ik net mear rinne, dan moat ik lekker sitte.

Hindrik van Saksen (1437-1541).

Moarn wolle wy nei it wer opboude Residenzslot, dêr skine se it harnas fan Hindrik van Saksen te bewarjen, dizze Sakser hat as soan fan Albrecht van Saken yn 1500 syn heit holpen it opstannige Frjentsjer der ûnder te krijen. Hindrik wenne doe yn Frjentsjer, ik tink op it Sjaerdemaslot en doe hawwe 16.000 Friezen de stêd belegere en drigen Hindrik te pakken te krijen en him mei in izeren ketling fêst te sette. Allinne, heit Albrecht kaam om him te ûntsetten mei in fris legerke en dat slagge. Hindrik skynt dat ketling yn hannen krigen te hawwen en dat hat er meinommen nei Dresden. Nei syn dea waard it ketling by syn harnas bewarre, seit men. Dat wolle wy moarn kontrolearje. En moarn skynt it Silbermann-oargel fan’e Frauenkirche om tolve oere bespile te wurden. Net troch Bach, mar der wurdt grif wol in wurk fan him spile…

© Liuwe van der Meer