Categorieën
Boeken Cultuur Fryslân Literatuur

Dr. Obe Postmapriis 2024 foar Willem Schoorstra 

Troch provinsje Fryslân  

De dr. Obe Postmapriis 2024 wurdt takend oan Willem Schoorstra foar syn boek De Poëtyske Edda. De priis bestiet út 4.000 euro en in oarkonde. Deputearre Eke Folkerts rikt de priis freed 8 novimber út.  

De Edda is yn Yslân skreaun, yn de djippe midsiuwen, en befettet goade- en heldeferhalen yn dichtfoarm. Neffens de advyskommisje, besteande út Maaike Andringa, Marc van Oostendorp en Rein Smilde, hat Willem Schoorstra de Edda omset ‘yn in Frysk dat in goed midden hâldt tusken respekt foar de – somtiden tsjustere – oarspronklike tekst en it libbene karakter’. De poëtyske Edda is mei tal fan ferklearringen en in wiidweidige ynlieding neffens de advyskommisje net in tekst om lekker op it strân te lêzen, mar in boek dat om konsintraasje freget. ‘Foar sa’n lêzer biedt Schoorstra dan ek in lêsûnderfining dy’t tige de muoite wurdich is. […] Dat is in muontsewurk dat in hiel soad tiid, omtinken, leafde en talint easket. Schoorstra hat oan dizze taak op in bewûnderensweardige wize foldien.’ 

Dr. Obe Postmapriis 

De fjouwerjierlikse dr. Obe Postmapriis wurdt sûnt 1984 útrikt foar wurk dat oerset is nei of út it Frysk. De priis is neamd nei dichter en oersetter Obe Postma (1868-1963) en wurdt takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân, dy’t advys krijt fan in advyskommisje. Dy kommisje hat wurk beoardiele dat ferskynd is yn de jierren 2020 oant en mei 2023.