Categorieën
Cultuur Fryslân Geschiedenis Kunst Súdwest Taal

Douwe Kootstra oer it libben fan de boer, dichter en skilder Gerben Rypma

(tekst: lânboumuseum Ljouwert)

In hiel bysûnder man, dat wie Gerben Rypma (1878-1963). De Einzelgänger en boerefeint út it lege lân om de Aldegeaster Brekken hinne krige yn Fryslân bekendheid as skilder en folksdichter. Hy tekene, as autodidakt, op masterlike wize portretten, bisten en lânskippen. As folksdichter besong er jierrenlang foaral it gea wêr’t er libbe.

En hy betocht mar leafst 453 ‘siedkerlen’, selsbetochte sprekwurden dêr’t út bliken docht dat de as heremyt libjende Rypma in skerp each hie foar de natoer en de minske.

Ferteller en skriuwer Douwe Kootstra bringt yn in programma fan sa likernôch in oere op meinimmende wize de libbensfeiten fan dy singeliere keunstner út de wide, ûneinige flakte achter Greonterp. Hy wikselt it libbensferhaal ôf mei sitaten út Rypma’s gedichten, syn sprekwurden en in tal bypassende, koarte folksferhalen.

Lezing over Gerben Rypma

Datum: zondag 24 september
Tijdstip: 15.30 uur tot 16.30 uur
Aantal pers.:  max. 80 personen
Prijs: 8 euro, dit is inclusief toegang tot het museum                                en de expositie ‘de Schilders van het Friese land’ 
Via deze link kunt u zich voor de lezing aanmelden:
https://landbouwmuseumfriesland.nl/Lezing-over-Gerben-Rypma