(Tekst provinsje Fryslân) Wat soe de Lelyline en de mooglike bou fan tûzenen ekstra huzen yn noardlik Nederlân foar Fryslân betsjutte? Ideeën dêrfoar steane yn ‘Bouwstenen voor het Deltaplan – Noordelijk Nederland en het stedelijk netwerk Nederland beter verbonden’. Op Stim fan Fryslân kinne ynwenners fan Fryslân yn de kommende twa wike (15 juny – 29 juny) mei-inoar yn petear gean oer de oanset fan ‘Bouwstenen voor het Deltaplan’. Sa kinne sy Steateleden harren fyzje meijaan foar it Deltaplan-debat op 13 july.
Eftergrûn Deltaplan
Oanlieding foar ‘Bouwstenen voor het Deltaplan’ wie de moasje fan Twadde Keamerlid Amhaouch dy’t op 7 desimber 2020 yn de Twadde Keamer oannaam waard. Dêr stiet yn dat it regear – yn gearwurking mei de fjouwer noardlike provinsjes – in ‘Deltaplan voor het Noorden’ ûntwikkelje moat.
Dêrop skreaunen de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân yn 2021 yn ‘e mande mei de gemeenten Ljouwert, Grins, Assen en Emmen en de noardlike wetterskippen ‘Bouwstenen voor het Deltaplan – Noordelijk Nederland en het stedelijk netwerk Nederland beter verbonden’. Dat foarstel beskriuwt ûnder oare de oanlis fan in fluggere treinferbining: de Lelyline. It dokumint sketst fierder foarstellen om – boppe-op it plande oantal wenten – yn it Noarden ekstra wenten te bouwen.
Debat Deltaplan Provinsjale Steaten
Ferline jier joegen de Fryske Steateleden oan dat sy graach in boargerkonsultaasje hâlde woene oer it Deltaplan. Om te witten te kommen wat ynwenners fan Fryslân fan ‘Bouwstenen voor het Deltaplan’ fine, lei it Fries Sociaal Planbureau (FSP) tusken 4 en 25 maaie 2022 oan it Panel Fryslân in online fragelist foar. De resultaten fan dat represintative ûndersyk nei it Deltaplan binne op 15 juny oan Provinsjale Steaten presintearre.
Oanfoljend dêrop kinne no alle Friezen op it digitaal partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân mei-inoar yn petear gean oer ‘Bouwstenen voor het Deltaplan’. De reaksjes fan de ynwenners fan Fryslân kinne oanfoljend as ynput brûkt wurde troch de Fryske Steateleden dy’t op 13 july oer it Deltaplan debattearje sille.
Eftergrûn Stim fan Fryslân
Stim fan Fryslan is begjin maart lansearre as antwurd op de yn de Fryske Steaten earder utere winsk in digitaal systeem om te rieplachtsjen te yntrodusearjen. De útfraach oer ‘Bouwstenen voor het Deltaplan’ makket diel út fan in proef. Yn dizze proef koene ynwenners earder ideeën oandrage foar de takomst fan de Fryske taal.
Om mei te dwaan en foar mear ynformaasje kinne jo terjochte op: stimfanfryslan.frl