Categorieën
Fryslân Geschiedenis Niet gecategoriseerd

DE WETTERSNEEDRAMP FAN 1825

Troch Liuwe van der Meer

Der wurdt op’t stuit yn’e kranten in protte oandacht jûn oan’e wetterneedsramp fan 1825 en dêrbij wurdt in bytsje de yndruk wekke dat dizze ramp min of mear fergetten is. Dat is net hielendal wier, mar ja, it is twahûndert jier lyn, by in wettersneedramp tinke wy al gau oan it Seelân fan 1953, mar de ramp dy’t Fryslân yn 1825 trof, wie tink ik minstens sa slim. Rampen wurde fergetten as der dêrnei ek wer rampen foarkomme, lyk as oarlogen ek fergetten wurde as der opnij in oarloch útbrekt. Wa tinkt noch oan’e Slach by Waterloo? Rampen en oarlogen wurde pas nei de útfining fan’e fotografy by mear minsken bekend. Fan’e ramp fan 1825 hawwe wy allinne mar tekeningen en beskriuwingen yn kranten en brieven en earlik, dy binne skrinend.

Doeke Hellema (1766-1856).

As jimme in ferbjusterjend byld hawwe wolle fan’e Wettersneedramp fan 1825, dan moatte jimme beslist it Deiboek fan’e Wurdumer boer Doeke Hellema lêze (ja, syn neiteam hat it koekjesfabryk yn Hallum!). Ast in bytsje troch syn spesjale Nederlânsk hinne sjen kinst, mei soms prachtige Frisismen, dan krijst in ferskuorrend goed byld fan’e ellinde dy’t de minsken doe oer harren hinne krigen hawwe. Tink derom, it is wol sykjen nei it goede jiertal, de deiboeken fan Hellema binne tige útwreide. It ferhaal fan’e ramp begjint op side 14 fan it PDF, side 49 fan it Deiboek.

Hy hat lang libbe (fan 1766 oant 1856) en fan 1821 ôf oant it jier fan syn dea beskriuwt er wat der yn syn libben bart. Dat is in protte! Hy hat noch bewust de striid fan Prinsgesinden en Patriotten meimakke yn 1787, hy wie ek persoanlik oanwêzich by allerhande histoaryske barrens, hy hat de Frânske Tiid (1795-1813) hiel bewust meimakke, ferwiist der ek nei en hy belibbet allerhande nijmoadrigheden hiel bewust, de oanliz fan’e strjitwei fan Ljouwert nei Swolle, de sloop fan’e stedspoarten fan Ljouwert, de komst fan’e earste stoomboaten, hy hat der by stien en hy fernuvert him om’e haverklap. Om’t er goed ûntwikkele wie, gie er ek mei allerhande pommeranten om, gie op besite by de adel en beskriuwt in tal doe noch oanwêzige states en stinzen; soms is er in Story-meiwurker as er de rabberijkes meldt dy’t oer bepaalde persoanen rûn giene.

Ek nijsgjirrich: Doeke’s syn pakesizzer, ek in Doeke, dy’t libbe fan 1828 oant 1907, hat in soarte fan autobiografy skreaun, ek te finen op internet.

Skiednis: it is sa’n prachtich fak! It is allinne spitich dat it minskdom der sa’n bytsje fan leart.

Sjoch fierder fia:

https://historischcentrumleeuwarden.nl/images/Onderzoek/Dorpen/dagboeken-Doeke-Wiegers-Hellema.pdf

https://historischcentrumleeuwarden.nl/images/pdf/autobiografie-doeke-hendriks-hellema-versie_jan_2017.p