Categorieën
Cultuur Dieren Landbouw Natuur en milieu

DE STRAMPEL FLECHTET EINEKUORREN

(tekst: De Strampel)

De Strampel, de Fryske Feriening fan Einekoerflechters, organisearret op sneon 10 febrewaris fan 10.00 oant 15.00 oere in beurs yn doarpshûs ‘De Trilker’ te Poppenwier.

Elk is fan herte wolkom om der nei te sjen en in praatsje te meitsjen.
Der is in grut ferskaat oan typen en modellen kuorren, sa binne der klaai-,
wetterlân-, Trynwâldster-, wylgetiennen – en toukuorren.

Op de beurs is te sjen hoe’t de kuorren makke wurde en wat der mear
makke wurde kin fan reid. Der kinne ek kuorren kocht wurde.
‘De Strampel’ telt goed 100 leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de
tradysje fan it koerflechtsjen. Elk jier dogge se in oantal kuorren kado
oan in soarchynstelling of in bernebuorkerij.

De tagong is frij.

Foar mear ynformaasje: Durk Wynia (foarsitter); (06) 39 74 99 41

Fierders freegje wy jo omtinken foar de webside fan De Strampel
(www.de-strampel.frl) dêr’t ynformaasje en in soad nijsgjirrige berjochten
steane oer alles wat mei einen en koerflechtsjen te krijen hat.