Categorieën
Columns Fryslân

DE NIJE TOER YN LJOUWERT

Troch Liuwe van der Meer, heal novimber 2024

Yn oktober 2021 hiene in pear ambtners op it Ljouwerter gemeentehûs it dryste plan en bou in tal Ljouwerter stedpoarten wer op, sa’n plan wurdt fansels troch de noftere realiteit wol wer ynhelle en is dan ek al wer trije jier yn’e hoas gearsakke, mar hawar, de hearen hawwe in skoftsje fan’e dyk west en de krante hie wer wat kopij foar de tsjustere hjerstdagen. Ik haw der destiids noch in stikje oer skreaun (13 oktober 2021!) en kaam doe ta de konklúzje dat de hearen ambtners wat ienfâldiger begjinne koene, mei in bouwurk wêr’t de fisike romte noch altiten braak leit, te witten de Nieuwe Toren op it Klokplein by de Grutte Heechstrjitte.

En no krige ik hjoed de Ljouwerter Krante en dy hie op’e earste side fan it Fryslân-katern in foto te stean fan’e KPN-mêst flak by Droevendal en dizze foto besoarge my in fisioen! Yn stee fan it stielen ramtwurk dat no al jierren lang de oanblik fan in part fan’e binnestêd fersmoarge hat, seach ik dêr ynienen de kontoeren fan’e Nije Toer, yn syn hiele hear en fear, mei klokkespul en kroan-mei-wynwizer! Sterker, ik héárde it karillon wer spyljen It duorre mar koart, myn frou dy’t oan’e oare kant fan’e tafel siet te krantelêzen frege my oft ik ek noch in twadde bakje thee hawwe woe en dat wie genôch om it fisioen yn ien klap ferdwine te litten. En dochs: ik hie it sjoen! Hjir leit in taak foar dy iverige Dorknopers fan it gemeentehûs: beklaai straks de nije stjoermast mei keunststofplaten yn’e foarm fan’e Nije Toer, of, as jim moed hawwe: ferpleats dy stjoermêst nei it Klokplein! Meitsje it framewurk wat steviger en beklaai dat dan as Nije Toer, lyk as jim jierren lyn ek de stomp fan’e Bonifatiustoer jierrenlang ûnder de reklame ferstoppe hawwe. Dat wie yn 1976 en hjoedtedei binne wy noch wol wat mear mânsk as it oankomt op printwurk yn it grut! Om alle kabels soe ik my mar net al te drok meitsje, as ik sjoch hoe faak de diken iepen moatte foar de glêsfezelkabels, dan kinne dizze der ek noch wol by.

Links de toren van de Bonifatiuskerk. © Harrie Muis

Ja, it skriuwt allegearre maklik op. Mar tussen droom en daad staan wetten in de weg en praktische bezwaren, dizze Nije Toer sil wol op’e selde steapel bedarje as de plannen foar de nije Wurdumer Poarte. Mar it fielt wol lekker, sa moarns achter de krante efkes te dreamen oer hoe’t it wêze kind hie!