Categorieën
Cultuur Fryslân Kunst Politiek

De hûndert dagen fan It Nut

(Tekst fan Abe de Vries)

Se hawwe west, de hûndert dagen fan it publykskulturele sirkus Arcadia, edysje nûmer ien. Hûndert dagen fol mei ‘lokaal en ynternasjonaal moais’, sa’t de mar heal en bytiden yn min en stiif Frysk oersette webside oankundige. De ‘tiid om te belibje’ is wer foarby.

Fragen as ‘is it hjoedtedei noch mooglik om in ideale wrâld te skeppen’ (Paradys), motiven as ‘de needsaak om oars nei de relaasje tusken minske en natuer te sjen’ of ‘te weitsjen oer generaasjes dy’t noch komme’ (Bosk) en observaasjes as ‘de ierde waarmet op, it klimaat feroaret’ (IIs) stiene sintraal.

It publyk wie, seit men, entûsjast, de ‘makkers’ bliid en de provinsjale jildsjitter tefreden. Mission accomplished.

Wat fansels opfoel oan it programma wie it hege didaktyske gehalte fan it hiele projekt. Net dat der net genôch mei fan alles en noch wat boarte waard. Mar hieltyd waarden de kulturele aktiviteiten yn it ramt set fan bewustwurding. Soest ek sizze kinne: folksopfieding.

Klik troch op: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/09/de-hundert-dagen-fan-it-nut.html