Categorieën
Boeken Cultuur Fryslân Onderwijs Taal

‘De bern fan de rekken!’ It Nederlânsk en it Frysk yn in tiid fan akademysk neoliberalisme

(tekst: Goffe Jensma op itnijs.frl)

De politike partijen dy’t okkerwyks de ferkiezingen wûnen, wolle de komst fan ynternasjonale studinten, arbeidsmigraasje en asyl strang oan bannen lizze. Dat jout grutte ûnrêst by de universiteiten. “As je de ekstreme fariant út de partijprogramma’s besjogge, dy hat wiswier skealike gefolgen”, ferklearre ynterimfoarsitter fan koepelorganisaasje UNL Jouke de Vries. “It sil Nederlân in hiel soad jild kostje.” Ferline moanne skreau er in artikel mei deselde strekking (Trouw, Opiny, 22 novimber).

Bedriuwsmjittich sjoen sil sok nij belied yndie net goed útpakke, dêryn hat De Vries sûnder mis gelyk. Ommers, de bûtenlânske studint is hieltyd mear de brânje wurden dêr’t de Nederlânske universitêre masine de ôfrûne tweintich jier op kaam te draaien. Oantrune troch in tipelsinnige oerheid binne de Nederlânske universiteiten yn kûgelsfeart neffens neoliberaal bedriuwsmodel reorganisearre, ûnder oaren troch mar safolle mooglik kolleezjes yn it Ingelsk te jaan. En ek troch wittenskiplike stêf by fakatueres foar it grutste part út de Ingelsktalige wrâld wei te ferfangen. Dat bedriuwsmodel wurket fansels net mear as de kolleezjes yn it Nederlânsk jûn wurde en as oan de ynternasjonalisearring fan de stêf peal en perk steld wurdt. Bedriuwsekonomysk sjoen slacht UNL dus mei rjocht en reden alarm.

Lês fierder fia: https://www.itnijs.frl/2023/12/goffe-jensma-de-bern-fan-de-rekken/