Categorieën
Commentaar Ethiek Geschiedenis Mondiaal Politiek

DAN MAR NEI OEGANDA

Troch Liuwe van der Meer

Ús nije regearing wol ûndersykje oft útprocedearre asylsikers miskien ek nei Oeganda oerflein wurde kinne, dan kinne se dêr opfongen wurde. Wy smite der noch wat jild tsjinoan en dan is dêrmei it probleem oplost. It Ingelske regear woe sokke flechtlingen ferline jier nei Ruwanda oerbringe, neffens har in feilich lân salang’t men dêr gjin machete yn’e hân hat. Dat plan hat Labour ôfblaasd.

En no wol ús regear soksoarte fan plannen ek yn Nederlân útfiere, mar wol nei in feilich lân, Oeganda, in lân dêr’t yn’e jierren santich diktator Idi Amin syn politike tsjinstanners noch troch de krokodillen opfrette liet, mar dat lân hat der in protte fan leard en is no folslein feilich. Neffens ús regear dan.

Dit ropt by my, as âld-skiednis dosint bylden op fan it Madagaskarplan fan’e jierren Tritich en dat sit my net lekker.

Minsken hawwe de eigenskip om oare minsken dy’t “problemen” opleverje sa fier as mar mooglik is fuort te stopjen, dan jouwe se gjin lêst mear. Der binne yn’e 19de iuw hûnderten fan sosiaal oan’e grûn rekke Amsterdammers nei Feanhuzen ferhuze, dêr wie foar harren in spesiaal ûnderkommen boud. Fier fuort en dus út it sicht. Dat luchtet op, fynt de boargerman of -frou.

It komt ek foar dat men yn Europa wat yn’e mage sit mei bepaalde minsken dy’t men leaver net yn Europa hat. Mar ja, se binne der en dan besiket men dy minsken sa fier as mar mooglik is oer te bringen nei in fier en waarm lân sadat men der dan gjin lêst mear fan hat.

En sa waarden fóár de Twadde Wrâldkriich yn Europa de joaden yn bepaalde lannen sjoen as in “probleem”. Nee, de Dútsers hiene hjir gjin patint op, it spile yn mear lannen, lês Elie Wiesel mar ris. Wát foar probleem wie net dúdlik, der wiene ek gjin dúdlike definysjes, mar se wiéne in probleem. En dat probleem frege om in oplossing, wat siz ik, om in definitive oplossing fan dat probleem. Yn Dútslân hie men der sa’n moai wurd foar: de ein-oplossing oftewol die Endlösung. Mar it wie fansels in Ingelsman ( yn 1900 ek al de útfiners fan it konsintraasjekamp) dy’t al earder neitoch oer dit “probleem”, Henry Hamilton Beamish, hy wenne yn Rhodesië en hie dêr ek wolris te meitsjen mei minsken dy’t er leaver net op syn hiem hie. En de joaden hearden ek yn dy kategory.

Madagascar

Beamish betocht doe it plan om de joaden dan mar nei Madagaskar oer te bringen, dan koene se dêr wenje en wiene nimmen mear ta lêst. It wie tin befolke. It is ek in eilân, men komt der net sa maklik ôf. Dat wisten de Ingelsken al sûnt 1815, doe’t se Napoleon nei Sint Helena ferhuze hiene.

No wie Madagaskar fan Frankryk en it is maklik om te kedizen oer lân dat net fan jin is, mar it idee fan it oerbringen fan joaden nei Madagaskar foel der ek yn Dútslân wol yn. Yn 1938 stjoerde Adolf Eichmann in kommisje nei Madagaskar om de mooglikheden ris te ûndersykjen, mar it Frânske regear wurke net mei. Pas yn 1940, doe’t de Dútsers de helte fan Frankryk beset hiene en yn’e oare helte in Frânsk regear siet dat wol mei de Dútsers gearwurkje woe (Vichy!) , doe kaam it Madagaskarplan wer op’e tafel. De Dútsers woene earst oardel miljoen joaden út Bohemen Moravië nei Madagaskar bringe en dêrnei de joaden út oare Europeeske lannen. Mar de oarloch makke dit ûnmooglik, safolle minsken oerbringe wie yn oarlochstiid net mooglik en it Vichy-regear woe ek net mear meiwurkje, dat doe sochten de Dútsers in oare mooglikheid om it “probleem” op te lossen, en wy witte wêr dat op útdraaid is.

Allinne al it idee om útprosedearre asylsikers nei Oeganda oer te bringen is der al fier by troch. Us minister Klever (in PVV’er fansels) hat al op wurkbesite west yn it lân. Ja, dy útprosedearre asylsikers komme wol út’e omkriten fan Oeganda, hear, se geane dus wol wer yn’e rjochting fan hûs, siz mar.

Fijn regear hawwe wy krigen! Ik wit wol trije ministers dy’t ik graach in ekskurzje nei Oeganda oanbiede wolle soe, mei in útstapke nei ien fan dy rivieren dy’t lâns it eardere paleis fan Idi Amin rinne..