Categorieën
Fryslân Politiek

Brands (VVD) en Graansma (PVV) nije Steateleden

VVD-er Martijn Brands folget as Steatelid Esther de Vrij op dy ôfskied naam. Jeffrey Graansma (PVV) is ynstallearre as tydlike ferfanger foar Cees Riezebos. De ynstalaasje en it ôfskied fûn plak yn de Steategearkomste fan woansdei 25 maaie.

Martijn Brands (26) is berne yn Hoorn en wennet no yn Ljouwert. Brands is trainee by de provinsje Grinslân foar it Nationaal Programma Groningen. Hy is de opfolger fan Esther de Vrij, dy’t fierder giet as riedslid yn gemeente De Fryske Marren.

Jeffrey Graansma (22) komt fan Boelensloane en is studint Bestjoerskunde en Oerheidsmanagement oan NHL Stenden. Hy is riedslid yn de gemeente Achtkarspelen en wie sûnt 2019 al kommisjelid foar de PVV fraksje yn Provinsjale Steaten. Troch de tydlike ôfwezigens fan Cees Riezebos, is Graansma no beëdige as Steatelid.