Categorieën
Boeken Cultuur Fryslân Geschiedenis Taal

Boekútrikking ‘Vet oud! Fryslân’ yn ‘e Steateseal

Op freed 4 oktober fûn de útrikking plak fan ‘Vet oud! Fryslân’, in útjefte foar bern, skreaun troch Aant-Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld. Dit barren fûn plak yn ‘e Steateseal fan It Provinsjehûs yn Ljouwert.

Fan it earste boek yn dizze searje gienen mar leafst tsientûzen eksimplaren oer de toanbank, neffens Martien Elema fan Xander Uitgevers. Se sei ek dat dúdlik bliken die dat de beide skriuwers  in passy hawwe foar taal en skiednis . En de útjefte fan Vet oud! Fryslân, it seisde boek yn ‘e searje, past prachtich yn de berneboekewike en de Moanne fan ‘e Skiednis, oktober 2024.

Skriuwersduo Zuiderveld en Soepboer. Kolleksje Xander Uitgevers.

Skriuwer Richard Zuiderveld hie in sterke grap yn petto. Hy fertelde dat  in bekinde politikus diel útmakke fan it skriuwersduo en in Keamerlid fan Nij Sosjaal. Ek helle hy in ferneamde útspraak fan Goethe oan: in bern hat woartels nedich mar ek wjukken. (Kinder brauchen Wurzeln und Flügel)

Aant-Jelle Soepboer lei de klam op de betsjutting fan it skiedkundich ferhaal, dat krêftiger is as it swurd, mar ek genôch ynhouten hat om de lêzer  kritysk oan it tinken te setten. Fansels moast ek efkes de klam lein wurde op de betsjutting fan it Frysk. It komt op jo en my oan, neffens skriuwer Soepboer.

Aant-Jelle Soepboer oant it wurd. © Aukje Poepjes

Lisa Boersma krige fanút de Afûk en it Cedin gelegenheid meidielings te dwaan oer de wearde fan Fryske skiednis, taal en kultuer yn it ûnderwiis. En yn dizze kontekst past Vet oud! Fryslân poerbêst, sei se sa ûngefear mei dizze wurden.

Wurdearring waard fierder ûnder mear noch útsprutsen foar de tekeningen fan Richard van der Pol en de oersetting fan Martsje de Jong.

Wiebe Dooper