Categorieën
Niet gecategoriseerd

Boekútrikking ‘Vet oud! Fryslân’ yn ‘e Steateseal

Op freed 4 oktober fûn de utrikking plak fan ‘Vet oud! Fryslân’, in útjefte foar bern, skreaun troch Aant-Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld. Dit barren fûn plak yn ‘e Steateseal fan It Provinsjehûs yn Ljouwert.

Fan it earste boek yn dizze searje gienen mar leafst tsientûsen ekismplaren oer de toanbank, aldus Martien Elema fan Xander Uitgevers. Se sei ek dat by de skriuwers dúdlik de passy foar taal en skiednis oanwesich is. En de útjefte fan ‘Vet oud! Fryslân’, it seisde boek de searje, past prachtichy yn de berneboekewike en de moanne fan ‘e skiednis, oktober 2024.

Skriuwersduo Zuiderveld en Soepboer, kolleksje Xander Uitgevers.

Skriuwer Richard Zuiderveld hie in sterke grap yn petto. Hy fertelde dat er in bekende politikus diel útmakke fan it skriuwersduo en in Keamerlid fan Nij Sosjaal. Ek healle hy in ferneamde útspraak fan Goethe oan: in bern hat wartels, nedich mar ek wjukken.

Aant-Jelle Soepboer lei de klam op it skiedkundich ferhaal, dat krêftiger is as it swurd, mar ek om kritysk nei te tinken. Fanselts koe de klam op de betsjutting fan it Frysk net útbliuwe. It komt op jo en my oan, aldus skriuwer Soepboer.

Aant-Jelle Soepboer oan it wurd

Lisa Boersma krige fanút de Afûk en it Cedin gelegenheit meidielings te dwaan oer de wearde fan Fryske skiednis, taal en kultuer yn it ûnderwiis. En yn dizze kontekst past Vet oud! Fryslân poerbêst, sei se ûngefear yn dizze wurden.

Wurdearring wurde fierder ûnder mear útsprutsen foar de tekeningen fan Richard van der Pol en de oersetting fan Martsje de Jong.

Wiebe Dooper