Categorieën
Boeken Cultuur Fryslân Geschiedenis Literatuur

Bewegersblomlêzing mei babbels

It Frysk Dichterskollektyf Rixt hat okkerdeis mei stipe fan mar leafst 6 kultuerfûnsen en de Provinsje in mânske seleksje fan 50 gedichten presintearre út syn fiifjierrich bestean: It ritme fan Rixt. In heuchlik feit, en wol sá heuchlik dat de ynlieders it hawwe oer ‘in nije moarn’ mar leafst.

Sa’t jo witte, wie dat yn 1922 de titel fan Douwe Kalma syn kar út poëzij fan har ‘Jongfrysk’ neamende dichters. In samling dy’t noch oant de dei fan hjoed troch de ien bejubele wurdt as baanbrekker fan in langferwachte ‘fernijing’, wylst de oar wat ferfeeld tinkt oan in goedbedoeld besykjen mei tefolle babbels.

Poëtyske fernijing sil fan It ritme fan Rixt net dalik útgean, mar de bedoelingen binne goed en dy meie dan ek ferkocht wurde. Oerdriuwe is lykwols ek in fak. In foarbyld. Rixt hat it ideaal om ‘de Fryske poëzij te fitalisearjen troch it nei de ynternasjonale arena te bringen’, meldt de earste ynlieding (fan Bert Looper?). De opnommen gedichten, hast allegear earder publisearre op www.rixt.frl, binne lykwols net yn it Nederlânsk of Ingelsk oerset. Se sille dy arena dus moai wis net berikke.

Oerspanning

Der sit wol mear oerspanning yn de presintaasje. ‘De bondel (..) stiet foar de Fryske poëzy en de poëzy fan Fryslân yn 2023’, lêze wy. Dochs stean der gjin gedichten yn fan Eppie Dam, Eeltsje Hettinga, Elske Kampen, Elmar Kuiper, Albertina Soepboer of ûnderskreaune, om in rychje te neamen. Allegear dichters dy’t yn de lustrumperioade fan Rixt wurk publisearren, mar meast net by Rixt. Fan represintativiteit kin hjir inkeld praat wêze as sjoen wurdt nei kwantiteit, net nei kwaliteit. Mei oare wurden: wy hawwe te krijen mei in produkt fan de Fryske beweging.

De twadde ynlieding by de samling is fan Syds Wiersma, dichter en mei-oprjochter fan Rixt, en giet oer de skiednis en ambysjes fan it kollektyf. It is suver pynlik om te sjen hoe’t Wiersma syn eardere demokratyske kultuerpolitike prinsipes yn it konflikt yn 2017, om de proseduere en de gearstalling fan de sjuery foar de earste Dichter fan Fryslân-ferkiezing hinne, oerboard set. De úteinlike oanwizing fan Eeltsje Hettinga as DfF begroetet er no, yn typyske bestjoerderstaal, as ‘in brantsje blust yn de Fryske literatuer’.

Reade tried

Kin men wól optein wêze oer de fersen yn de bondel? Dan hat men allinnich de yndividuele gedichten om op te farren. As elkenien trije eigen fersen ynstjoere mei en in kommisje kiest dêr dan ien fan út foar pleatsing, inkeld basearre op net omskreaune smaak, sa’t hjir it gefal west hat, dan is de skôger frij fan it sykjen nei in reade tried: dy is der net.

‘Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuele saken yn en bûten Fryslân’: útgeand fan de webside fan Rixt (‘Oer ús’) hie dat dy tried wêze kind. Spitich: heechút 12 fan de 50 fersen binne werklik sosjaal-engazjearre te neamen.

Soks wol fansels net sizze dat dizze bondel, yn syn tige diverse opset, net in tal gedichten bringt dy’t derút springe. En dy’t yn gjin blomlêzing misstean soene. Ik neam yn it bysûnder de bydragen fan Ypie Bakker, Fedde Dijkstra, Tsjisse Hettema, Yva Hokwerda, Bennie Huisman, Martsje de Jong, Froukje Reitsema, Marije Roorda, Sipke de Schiffart en Gerrit de Vries.

Okee, gjin nije moarn, mar tsjuster as de nacht is it ek net!

© Abe de Vries

Henk Dillerop, Bert Looper en Nika Stefan, red. It ritme fan Rixt (Utjouwerij Louise). € 22,50