Troch provinsje Fryslân
De sân agraryske kollektiven yn Fryslân krije in subsydzje fan yn totaal € 46.311,- fan de provinsje Fryslân. Dit bedrach wurdt ynset foar it útfieren fan predaasjebehear foar de beskerming fan greidefûgels. Mei dizze subsydzje kinne de kollektiven middels oanskaffe, lykas wyldkamera’s en fallen.
Greidefûgels lykas de skries, ljip en tsjirk wurde bedrige troch ferskate predatoaren. Bygelyks de foks, stienmurd en brune rôt. Om de fûgels en harren nêsten en piken te beskermjen, is effektyf predaasjebehear wichtich. De kollektiven hawwe besjoen hokker middels dêrfoar nedich binne. It giet bygelyks om wyldkamera’s, ferskate typen fallen, plestik lokkrieën en rasters. Foar it útfieren fan it behear is der in nauwe gearwurking mei de kollektiven, de Wyldbehearienheden (WBE’s) en oare gebietspartijen.
“Om de greidefûgels te beskermjen en de efterútgong te remmen, is it nedich om op ferskate tema’s yn te setten. Bygelyks it ûntwikkeljen fan robúste, oaniensletten greidefûgelgebieten en it behear dêrfan”, jout deputearre Matthijs de Vries oan. “Mar ek it oanpakken fan de predaasje is dêr hiel wichtich yn. Mei minder rôvers yn de buert, krije de piken in bettere kâns om grut te wurden en dy earste kwetsbere perioade te oerlibjen. Dêrom fine wy it wichtich om de partijen yn it fjild mei subsydzje te stypjen om ek de goeie middels oanskaffe te kinnen foar it behear fan dy predatoaren.”
Taname tal greidefûgels
Predaasjebehear spilet in wichtige rol by it beskermjen fan de greidefûgels en draacht dêrmei ek by oan de doelen dy’t de provinsje Fryslân steld hat yn de Nota Greidefûgels 2021-2030 en it Aanvalsplan Grutto. Sa stribbet de provinsje nei op syn minst 10.000 briedpearen fan de skries yn 2030 en in taname fan de oantallen fan oare greidefûgelsoarten.