Pier Boorsma út Grins is dichter en neamt himsels ek filosoof. Okkerdeis hie er in stik yn de Ljouwerter mei it boadskip dat Fryske literatuer ynternasjonaal net meikomme kin om’t syn besprekkers him net ferlykje mei ynternasjonale literatuer. ‘De Fryske skriuwer Anne Wadman’, neffens Boorsma, ‘skreau yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw dat de Fryske skriuwers stribje moasten nei Europeesk nivo. Mar dat kin allinne as de Fryske literatuer ferlike wurdt mei de Europeeske literatuer.’
Om’t ik ien fan dyjingen bin dy’t Fryske literatuer besprekke, ha ik mei mysels oerlein oft Boorsma miskien in bytsje gelyk hat mei syn krityk op de krityk. Mar dan moatte je earst derachter sjen te kommen oft Fryske literatuer kwa nivo yndie achterbliuwt, en op it twadde plak, as dat sa is, wa’t Boorsma dan krekt de skuld taskowe wol. Want in rigel earder hie er in, op it each, oare oarsaak oanwiisd foar it ûnderstelde achterbliuwen fan Fryske literatuer ferlike mei ynternasjonale literatuer: ‘Trochdat minsken yn in minderheidsgebiet it gefoel hawwe dat har taal en kultuer eftersteld wurdt, kompensearje hja dat fan en ta mei in oerskatting fan de eigen kulturele produkten.’
Dan giet it net sasear oer de literêre krityk, mar oer ‘minsken yn in minderheidsgebiet’ en har ‘gefoel’, en faaks giet it dan ek oer de minderheidstalige skriuwers sels. Dy’t blykber gjin weet hawwe fan wat der foarby de taalgrinzen skreaun wurdt, en dy’t dêrom har eigen wurk oerskatte soene. Mocht dat ‘minsken’ breder opfette wurde moatte – Fryskpraters yn it algemien – dan moat it Fryske lêzerspublyk blykber beskôge wurde as in klupke omkoalen mei dûbeld fel foar eagen dy’t noait mei oarstalige literatuer yn ’e kunde komme.
Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2025/02/pilatus-pier-wasket-de-hannen.htm