Doe’t Domela Nieuwenhuis op 21 april 1890 fiiftûzen stakende feanarbeiders út de Tynje, Beets en Nijbeets taspruts, wie myn oeroerpake fan memmekant, ‘lytse’ Sjoerd de Vries (1866-1951), boerearbeider yn ’e Biltse Westhoek, presint. Tegearre mei syn maat Gerrit de Jong (1866-1939) fan Sint Anne wie er de moarns al ierebetiid ûnderweis. Se rûnen op klompen fan it Bilt nei Nijbeets, inkeld mar om ‘ús Ferlosser’ te hearren. In healjier earder, op 27 oktober 1889, wie yn in herberch yn ’e Westhoek it earste lânarbeidersfakbûn fan Nederlân oprjochte, Broedertrouw. Yn it bestjoer siet neist foarsitter Germ van Tuinen en aksjelieder Jan Stap ek Jacob Willems Louwenaar (1852-1927), in omke fan myn oerpake fan memmekant Jan Louwenaar.
Gjin wûnder, liket my, dat it ‘reade Bilt’ altyd myn bysûndere belangstelling hân hat. Ien fan de sintrale figueren yn dy skiednis is de boekhanneler, printer en útjouwer Johannes Jans Kuiken (1860-1936) fan Sint Anne. Kuiken wie ein njoggentjinde iuw net inkeld in pylder fan de Biltse arbeidersbeweging, mar ek in belangrike fersprieder op nasjonale skaal fan revolúsjonêre ideeën oer lânnasjonalisaasje. Yn dit opstel wol ik in portret jaan as oanfolling op eardere notysjes fan Kees Kuiken (2010; 2013; 2017) en Johan Frieswijk (1990). Ik brûk dêrby in pear eigen oantinkens oan Biltse foarâlden as couleur locale en in eksploraasje fan Kuiken syn publikaasjefûns as grûntoan
Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/