Categorieën
Boeken Cultuur Ethiek Fryslân Media

Abe de Vries koart oer Sander Warmerdam en publikaasjes Sytse Jan van der Molen yn Frysk en Frij (1949-1990)

(tekst: Abe de Vries)

De ôfskied nimmende haadredakteur fan de Ljouwerter, dy’t neffens eigen sizzen skrokken is fan it “nasjonalisme” yn Fryslân, set flak foar syn fertrek noch efkes gau Fryske kollumskriuwer Martsje de Jong bûtendoarren. Ynruile foar in rapper mei in ‘kosmopolitysk lûd’, lies ik hjoed. As hert ûnder de riem foar myn LC-kollega’s en eltsenien mei belangstelling foar Fryske folks-, gea- en skiedkunde hjir alfêst diel I fan myn bibliografy-op-kommendewei fan net ien oars as Sytse Jan van der Molen: syn publikaasjes yn Frysk en Frij, sa’t ik se fine koe yn de digitale catalogus fan Tresoar. (Mei Nl.-talige subtekst, foar alle oaren.)

Sjoch fierder via: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2023/01/sytse-jan-van-der-molen-yn-frysk-en.html