(tekst: Abe de Vries)
Doe’t yn 1923 it wenhûs fan de Fryske skriuwer-beweger Sjouke de Zee yn Jirnsum yn flammen opgie, ferdwûn syn hiele boekesamling mei de fjoersee yn. Dêr sieten hiel wat boeken tusken dy’t er fan Waling Dykstra krigen hie, sa’t De Zee oan kranteferslachjouwers fertelde.1 Ien fan dy boeken hie ‘in âlde Menistebibel’ west. De bibel dy’t folle Fryske menisten oant yn de njoggentjinde ieu brûkten, en dy’t ‘de menistebibel’ neamd waard, wie de Biestkensbibel; de lêste printinge dêrfan ferskynde yn 1721.
Klik troch op: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/07/it-meniste-komof-fan-waling-dykstra.html