Categorieën
Cultuur Literatuur

Abe de Vries: In stik ik fan stimmen. ‘Wêr hat er it oer?’ It dichtwurk fan Tsjêbbe Hettinga, op ’e nij besjoen.

(tekst: Abe de Vries, 6 juny 2021)

Yn de Fryske literatuer falt it net sa hiel faak foar dat men al frij gau nei de dea fan in dichter in sammelútjefte fan syn wurk besette kin. De ferskining fan sa’n útjefte is faak in heuchlik feit. Sa’n boek noeget út om werom te gean nei de dichtbondels, om jin op ’e nij mei in bekend skriuwerskip te ferstean, dêr’t in ein oan kaam is. Wy lêze de gedichten wer, mar no krekt in bytsje oars as earst. Want der komme net mear.

Fjouwer jier nei it ferstjerren fan dichter Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) koenen de besoargers en oersetters syn twatalige, Frysk-Nederlânske sammelwurk Het vaderpaard / It faderpaard – Alle gedichten (2017) presintearje, in publikaasje fan it prestizjeuze útjouwershûs De Bezige Bij yn Amsterdam. (1) Yn dy 831 siden tellende pil binne syn sân ferskynde bondels en fierdere losse útjeftes opnaam, plus in bondel dy’t noch yn tarieding wie, en in tal losse en net earder publisearre fersen.

Klik troch op: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2021/06/