Categorieën
Defensie Europa Mondiaal Politiek

ABE DE VRIES: IN FEILICHHEIDSPAKT FOAR HIEL EUROPA

Dêr’t twa harsensskrabje, hawwe fiif skuld

Oekrayne ferliest de oarloch mei Ruslân. Nederlânske topmilitêren wolle dat wy ús tariede op it slimste. Tsjingas: it wurdt tiid om de NAVO by de dyk te setten en te wurkjen oan in pan-Europeeske feilichheidsregeling, ynklusyf Oekrayne en Ruslân.

Jannewaris 2024 is in tsjustere moanne. As in reuseftige inketfisk, sa slacht it militêr-yndustrieel kompleks syn tentakels om ús hinne. Nederlânske boargers moatte har tariede op oarloch. Sjen dat se in radio yn hûs helje. In tûne mei drinkwetter yn ’t hok sette, foar need. Miskien moat de tsjinstplicht wer ynfierd wurde. Sok skokkend spul spuide de foarsitter fan it Militêr Komitee fan de NAVO, in Nederlânske admiraal mei namme Bauer, okkerdeis yn ûnder mear De Telegraaf.

De Nederlânske ekonomy, mient Bauer, moat omfoarme wurde ta in oarlochsekonomy. Want de NAVO hat net genôch wapens mear om te ferklapbûtsen yn Oekrayne, en de Russen stean dus takom jier op it strân fan Skeveningen. Yndie sjit Ruslân alles út ’e loft en op ’e grûn yn ’e brân wat ‘wy’ al sûnt rûchwei 2017 oan moardtúch nei Kyiv stjoerd hawwe. Yn feite hat de NAVO himsels ûntwapene; alle âlde rotsoai dy’t de hâldberheidsdatum al foarby wie is dy kant út gien of sil dy kant út, en wat wy sels oerhâlden hawwe, dêr kinne wy noch net iens de Houthi’s mei sear dwaan. Dat, it Nije Werbewapenjen moat noadich begjinne.

Sjoch fierder op: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2024/01/in-feilichheidspakt-foar-hiel-europa.html