NRC-strateech Michel Kerres hat (26 july) in bydrage oer it ûnderwerp fan myn kollum yn it Friesch Dagblad fan sneon (20 july).
‘Schrikbarende stilte rond de nieuwe wapenwedloop’, kopt er. Nuvere kop. Dy stilte is neffens Kerres ommers hielendal net ‘schrikbarend’ mar liket just ‘volstrekt logisch’. Of nee, de komst fan dy nije Amerikaanske raketten nei Dútslân fan 2026 ôf liket ‘volstrekt logisch’, en dêrom is dy stilte sa nuver net.
Kerres is dus ien fan de Navo-staarders dêr’t ik it oer hie. Syn kollega NRC-sjoernalist Hubert Smeets is der noch ien. Ik bin bang dat der in heel nêst sit, dêr yn Amsterdam.
No hinderet dat fierder neat, elk hat rjocht op syn eigen bline flekken yn syn eigen biotoop. Frame mar in ein hinne en atlantisearje derop los. In handige sjoernalist liicht net troch evidint misse bewearingen te dwaan, mar by omission, troch essinsjele saken dy’t net yn syn strjitsje passe wei te litten út syn ferhaal.
Sa ferjit Kerres bygelyks om de crux fan de hele kwestje te melden, nammentlik dat de pleatsing fan Amerikaanske hypersoanyske raketten foar de middellange ôfstân yn Dútslân de Navo in first strike capability besoarget dêr’t woltinkende minsken, en dy hearre ta it doelpublyk fan syn krante, hielendal net bliid mei wêze kinne.
Lês mear fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2024/07/de-keunst-fan-it-weilitten.html