Fan 31 Fryske monumintale en karakteristike pleatsen kin mei subsydzje it dak restaurearre wurde. Deputearre Steaten ferlienden mei-inoar € 637.000 euro subsydzje út de saneamde regeling Daken Fryske Pleatsen. Dizze regeling is ûnderdiel fan it provinsjale Wurkplan Takomst Fryske Pleats.
Der wiene folle mear oanfragen as honorearre wurde koene. Dêrom is binnen de regeling prioritearre mei in puntetelling. Pleatsen yn agrarysk gebrûk en pleatsen dy ’t in nije bestimming krije foar net-wenfunksjes of in wenfunksje mei mear as ien wenning. Fierder koe allinnich subsydzje jûn wurde foar ryks – of gemeentlike monuminten of buorkerijen dy ’t neffens it bestimmingsplan karakteristyk en tsjin sloop beskerme binne.
Der binne subsydzjes ferliend oant maksimaal 25.000 euro foar 50 persint fan de subsidiabele kosten. It giet dan om herstelwurksumheden fan dakken of dakflakken yn in matige of minne steat fan ûnderhâld. Dêrneist kin it gean om it ferfangen fan net – tradisjonele dakbedekking lykas golfplaten of asbestdakken troch tradisjonele dakbedekking lykas pannen of reid. Ek ûlebuorden binne subsidiabel.