Categorieën
Fryslân Landbouw Natuur en milieu

70.000 euro foar Agroforestryprojekt yn Noard-Nederlân


Foar it projekt “Publiek Private Samenwerking (PPS) Agroforestry” krijt Wageningen Livestock Research in bydrage fan 70.000 euro fan de provinsje Fryslân. It projekt rjochtet him op it ûntwikkeljen fan fernijende agroforestry-systemen foar boerebedriuwen en fierdere ûntwikkeling fan (praktyske) kennis oer it lânboukundich brûken fan bosken en beammen. Wêrby’t it ynkommen fan melkfeehâlders behâlden bliuwt, mar der tagelyk ek koalstof fêstlein wurdt en der mear bioferskaat op it bedriuw komt.

It projekt moat ûnder oare ynsjoch jaan yn hoe’t agroforestry te kombinearjen is mei weidzjen, hoe’t it yn te setten is as fretten en wat dat mei de bistesûnens docht. Mar ek wat begroeiïng by stâlen mei de stikstofemisje docht en hokker ûnderdielen fan agroforestry bydrage oan bioferskaat en in rendabel fertsjinmodel foar boeren.

Eksperimintearje
Op tsien bunder grûn fan de Dairy Campus sil it PPS Agroforestryprojekt mei ferskate agroforestry-systemen eksperimintearje. In ekologysk advysburo advisearret oer de lokaasjes, sadat greidefûgels der gjin hinder fan ûnderfine. Ek krije tsien molkfeehâlders stipe by it ynsetten fan agroforestry binnen harren bedriuw. Sa’n fiifentweintich oare ynteressearre molkfeehâlders en de hiele sektor profitearje mei fan de opdiene ûnderfiningen by kennissesjes.

De totale kosten fan it projekt binne 1.033.680 euro. De provinsje draacht 70.000 euro by fanút it Transitiebudget Natuurinclusieve Landbouw, Programma Natuur: Onderzoek overgangszones landbouw en it Herstelprogramma Biodiversiteit Fryslân.