Categorieën
Cultuur Europa Humor Kunst

HUMOR IS FAN ALLE TIDEN

Troch Liuwe van der Meer

De abdij fan Saint-Foy yn Frankryk is boud tusken 1041 en oan’e ein fan’e tolfde iuw wie de tsjerke min of mear klear. Omdat de tsjerke op’e rûte lei nei Santiago de Compostella kaam der in soad jild yn en dat wisten de abten goed om te setten yn matearje!

De yngongspartij fan’e tsjerke waard bekroane mei in timpaan wêryn’t it Lêste Oardiel yn útbylde waard. Der steane in 120-tal persoanen op, mei yn’e midden in Christus-figuer dy’t de minsken de wei nei de himel wiist.

Wy witte net wa’t dit byldhouwurk makke hat, der sil in grutte groep stienhouwers mei dwaande west hawwe. It is ek in earnstich ûnderwerp! Want elkenien yn’e Midsiuwen waard fansels troch de tsjerke aardich yn’e stringen holden mei it driigjen fan en foar de hel!

De stienhouwers hawwe dêr blykber net sa bang foar west, want mei in soad humor hawwe se de bûtenste râne fan it timpaan fersjoen fan allerhande lytse grapkes en ik mei oannimme dat de abten der ek mei in soad wille nei stien hawwe te sjen. Ik wit net oft der ek poepende poepetsjes te sjen binne, mar se draaiden ek dêr harren hân net foar om. Humor út’e Midsiuwen is kwalik oars as ús humor fan hjoedtedei, miskien wat basaler, wat platter. Kamagurka hie stienhouwer wêze kind yn in foarich libben.

© Liuwe van der Meer

Doe’t ik noch foar de klasse stie, mocht ik altiten graach foarlêze út’e Decamerone fan Boccaccio as ik de Renaissance behandele, in boek út likernôch 1350, de bern fûnen de ferhalen prachtich, benammen as der wer ris in pastoar syn driften net ûnder kontrôle hie by it sjen fan in fleurige boerefaam, of wannear’t in slimme túnman de tún fan in frouljuskleaster wol op in hiele bysûndere manier “fruchtber” hold troch him doofstom te hâlden.

Ik haw der noait klachten oer hân fan âlden, mar miskien waard der ûnder iten ek net oer praten, of sochten dy âlden it boek sels ek wol op yn’e bibliotheek fan Wergea of Wurdum. It is wer ris wat oars as Watse Couperus of Ulbe van Houten, toch?

Wat foar ferhalen soene dy stienhouwers fan Saint-Foy inoar jûns eigenliks ferteld hawwe?