Categorieën
Poëzie

VILLA HELENAE

Ik avensear fan keamer nei keamer.
Doch doarren iepen en gaueftich wer ticht.
Iepen doarren kin ik net ferneare:
ik kin al dy keamers net kombineare.

Oan de muorre yn it wurkfertrek
hingje myn skalpen oan in spiker,
myn meirôve diploma’s yn de sjike artes
goadekennis, skilderjen en poëzy.

Op de flier fan de sliepkeamer
leit op skieppehûden de lêste lover
attinsjes te tellen foar de hurd.
Gelok is in grut sjitstik. Gjin burd!

En de keamer-en-suite dêr’t ik, Helena
fan Troje, jûns yn âlde skriften blêdzje
en fan foarbije tiden wer it bêste ha:
sprekke is sulver mar swije is goud.

Gasten komme yn ’e opkeamer.
Net te bedjipjen glimkes dwale dêr
om de wynglêzen en ûnbûchber steane
plestik blommen yn kadokrigen fazen.

O, weagje it net en smyt de doarren iepen
sa’t minnaars it foar de moade krije:
nachts hear ik Paris en alle earderen
weardich om my roppen en razen,

mar as lang om let har lûd my ferfeelt,
stjoer ik boalen mei it bloedswurd
de keldertreppen del en weevje ôf
mei ferrekkelingen en har liichwurd.

Gjin Gryk of Pers yn dizze villa
komt yn al myn keamers sûnder skea
foar ear en rom, liif en lea,
want my kenne litte, dat kin ik nea.

Abe de Vries