Troch Liuwe van der Meer
Ferline wike waard bekend dat de cartoonist Ann Telnaes ûntslach nommen hie by The Washington Post omdat it blêd wegere har spotprint oer de jildlike stipe foar Trump troch in pear grutkapitalisten te pleatsen, sy fûn dat sensuer. Terjochte fansels.
Mar har print wie net de allerearste dy’t dit ûnderwerp útbylde.
Op 16 oktober 1932 ferskynde yn Berlyn yn’e kommunistyske “Arbeiter-Illustrierte-Zeitung” in letter ferneamd wurden fotokollaazje fan Helmut Herzfeld, dy’t sels de artystenamme John Heartfield brûkte by syn wurk. Heartfield (1891-1968) wie in oertsjûge kommunist, dy’t nei de keunstakademy as ien fan’e earsten eksperimentearde mei fotokollaazjes, hy waard om 1920 hinne ek Dadaïst dy’t him tige thúsfielde yn allerhande nije keunststreamingen. It leit foar de hân dat er it yn’e tweintiger en tritiger jierren yn Dútslân net maklik krige, nei 1928 waard de nazipartij hyltiten mar grutter en de kommunisten krigen it dreech.
Yn 1932 en 1933 waard it lot fan Dútslân beslikke, benammen 1932 wie in roerich jier, de SA kaam hyltiten faker yn aksje op’e dyk, der wiene ferskillende Ryksdeiferkiezings en seachst de nazipartij grutter wurden.
En dan publisearret op 16 oktober 1932 Heartfield syn ferneamde print yn’e AIZ.
Op filmbylden út’e tritiger jierren sjogge jo Hitler de (no ferbeane) Hitlergroet op twa manieren bringen: de rjochter earm rjocht foarút, of mei de rjochterhân omheech, in soarte fan koart gebaar. Fan in foto mei dy foarm fan’e Hitlergroet makke Heartfield syn kollaazje dy’t fansels ek daliks ferbean waard, Heartfield stie op in stuit as nûmer fiif op’e list fan’e meast troch de Gestapo sochte figueren! In print moatte jo net útlizze wolle, mar de betsjutting fan “Der Sinn des Hitlergrusses” is “de bedoeling, it doel fan’e Hitlergroet” en dat makket de print hiel aktueel!
It is gjin wûnder dat Heartfield yn 1933, nei’t Hitler oan’e macht kommen wie, nei it bûtelân flechte, fia Oastenryk en Tsjechoslowakije bedarret er al foar de oarloch yn Ingelân. Nei de oarloch giet er, as kommunist, fansels nei East-Dútslân en ek dêr bliuwt er oant op hege leeftiid aktyf, yn kringen mei minsken as Berthold Brecht. As jo google-je op “John Heartfield Zeichnungen”, dan krije jo, mei Google op “Ofbyldingen”, de prachtigste printen te sjen!
Syn print út 1932 brûkte ik faak by de lessen oer nazi-Dútslân, de grutte dikke man stelt alle grutte Dútske industriëlen foar, siz mar de Krupps, de Siemens, de Dr.Oetker(!), BMW, se profitearden allegearre fan it nije nazi-rezjym en yn’e oarloch wurken der ek in protte twangarbeiders yn harren fabriken. It wiene, foarsichtich sein, de Zuckerbergen en de Musks fan ús tiid, dy’t hoopje te profitearjen, straks, fan it nije regear yn Washington as Donald Trump dêr wer as mâle jan yn’e hinnen omslaan sil. It is te hoopjen dat Zuckerberg en Musk har straks, nei The Donald, net ferskûlje achter in goedkeap “Wir haben es nicht gewusst!” Want wy kinne no al aardich foarspelle wat foar wyn der waaie sil út it Wite Hûs wei, nei 20 jannewaris.
It wurde wer Gouden Tiden foar de Heartfields fan ús tiid!