Troch provinsje Fryslân
De provinsje Fryslân sil previntyf ûndersyk dwaan nei de N356 Sintrale As tusken Dokkum en ôfslach De Westereen. Dat nei oanlieding fan de resinte ûngelokken op dit trajekt ûnder winterske buien, wêrûnder in deadlik ûngelok op 3 jannewaris lêstlyn.
It is net dúdlik wat de oarsaak fan de ûngelokken is. By de oanlis fan de dyk is neffens de provinsje Fryslân yn alle gefallen foldien oan de feilichheidseasken. Ut ferkearsfeiligens wei fynt de provinsje it wichtich om út foarsoarch neier ûndersyk te dwaan. Sa sil de provinsje sjen nei ûnder oare de ôfwettering fan it weidek.
Dêrneist wurde fuortendaliks previntive maatregels op de dyk naam. Sa wurde der fan woansdei 8 jannewaris ôf warskôgingsbuorden pleatst en wurdt der in rydstripe-ôfsetting mei snelheidsbeheining pleatst. Hjirby sil in geleiderail pleatst wurde oan de westside foar ôfslach De Westereen op ‘e hichte fan it túnsintrum.