Categorieën
Cultuur Geschiedenis Wonen

Subsydzje foar restauraasje fan 79 Fryske monuminten

Troch provinsje Fryslân

Goed nijs foar eigeners fan 79 Fryske ryksmonuminten, gemeentlike monuminten en karakteristike pannen. Sy kinne oan de slach mei plannen foar ûnderhâld of restauraasje. It giet om in totaalbedrach fan € 2,5 miljoen oan ryks – en provinsjaal jild. Hjirmei wurde der 59 mûnen, njoggen tsjerken, fjouwer pleatsen, twa begraafplakken, ien tuinkoepel, ien skoalgebou, ien skoalle en ien grien monumint restaurearre.

Yn septimber kamen der hast 100 oanfragen foar de subsydzje binnen. Dêrfan binne der 79 honorearre. Dit jier wie it nij dat eigners fan Griene monuminten subsydzje oanfreegje koene.

Deputearre Eke Folkerts is wiis mei de restauraasjes: “As deputearre fan erfgoed bin ik bliid dat wy dizze monuminten finansjeel stypje kinne. Wy moatte goed om ús erfgoed tinke. It erfgoed seit in soad oer de identiteit fan ús provinsje, it Ferhaal fan Fryslân. Boppedat hâldt it ús stêden en doarpen moai.”

Ien fan de projekten: De Blokhúspoarte yn Ljouwert

De hoeke fan de Blokhúspoarte oan de wetterkant is it saneamde Alcovengebou. It is yn 1861 by it âldere part oanboud, omdat der doe ferlet wie fan it opsluten fan finzenen yn isolearsellen. Mei de oanbou kaam der romte foar 30 strafsellen. De foto is fan 2012. De bûtenkant is op dit stuit yn in matige steat en hat ûnderhâld nedich om oerein te bliuwen. Mei de subsydzje is dat ûnderhâld mooglik.