Categorieën
Cultuur Fryslân Kunst

Untwerper Folkert van der Hoek wint Vredeman de Vriesprijs foar Foarmjouwing

Troch provinsje Fryslân

De Vredeman de Vriesprijs foar Foarmjouwing 2024 is takend oan Folkert van der Hoek fan wurk- en presintaasjeplak ‘Phlox’ yn Húns. De priis waard woansdei 11 desimber troch deputearre Sijbe Knol útrikt yn Museum Joure.

De advyskommisje keas unanym foar Folkert van der Hoek. Syn projekt behellet de mienskip op in manier dy’t selden sa yngeand sjoen wurdt yn design, sa seit de sjuery. Njonken de oarkonde kriget er in bedrach fan €5000,-.

Kultuerdeputearre Knol: “Dat ûntwerp fêstiget it omtinken op de kwaliteit fan de beboude omjouwing dy’t bydraacht oan in gefoel fan grutskens en identiteit yn ús doarpen en stêden. It fersterkjen fan mienskippen en it realisearjen fan in oantreklike omjouwing is foar de provinsje in wichtich spearpunt.

Foar dizze 12e edysje waarden tsien projekten ynstjoerd. De ynstjoerings wjerspegelje it ferskaat fan it Fryske foamjouwerslânskip. De measte ynstjoerings leine in sterke klam op de Fryske identiteit. De sjuery, offisjeel advyskommisje, nominearre fiif ynstjoerings op basis fan de kritearia. Njonken de winner wiene de earfolle fermeldings foar Lost Voices troch BW H ûntwerpers yn opdracht fan Explore the North en Sprekende Stenen fan Sytse Jansma en Ineke van der Blom yn opdracht fan Leeuwarden UNESCO City of Literature.

Prijs

De Vredeman de Vriesprijs foar Foarmjouwing wurdt alle twa jier takend troch it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Fanwegen de koroanapandemy is ien kear keazen foar in perioade fan trije jier. De provinsje wol mei dizze priis de niget oan foarmjouwing by in grut publyk fergrutsje. De priis is ferneamd nei Hans Vredeman de Vries. Hy wie arsjitekt, planolooch, tekener en keunstner en is yn 1527 yn Ljouwert berne.

Mear ynformaasje oer de priis stiet op de website fan Keunstwurk, dy’t de priisútrikking organisearret: www.keunstwurk.nl.