Categorieën
Politiek

Fryske Provinsjale Rezjytafel leveret plannenasylopjefte yn by Minister Faber

Troch provinsje Fryslân

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat as foarsitter fan de Provinsjale Rezjytafel (PRT) Fryslân it provinsjale ferslach en it byhearrende provinsjale plan nei Minister Faber-Van de Klashorst (Asyl en Migraasje) stjoerd. Hjiryn stiet beskreaun hoe’t de Fryske gemeenten oan de hân fan de Spriedingswet ynfolling jaan sille oan de opjefte oangeande de opfang fan flechtlingen.

Mei-inoar is der op dit stuit yn Fryslân in beskikbere kapasiteit fan 4.305 opfangplakken, dy’t lykwols noch diels bestiet út needopfang. Dêrmei wurdt foldien oan de yndikative provinsjale opfangopjefte fan 3.391 opfangplakken neffens de kapasiteitsraming sa’t dy op 31 jannewaris 2024 publisearre is. De útdaging foar de Fryske gemeenten is om yn ‘e heine takomst de opfangkapasiteit langduorjend te ferfoljen. Foarearst is needopfang in needsaaklik ûnderdiel fan it provinsjale plan. As de foarnommen ferlingingen dêrfan trochgong fine, sil Fryslân per 1 july 2025, de peildatum foar de Spreidingswet, de opjefte realisearje.

“De Fryske gemeenten binne trochkrongen fan de needsaak fan de kapasiteitsbehoefte en de trochstream binnen de asylketen. De gemeenten binne nei aard en skaal en út in mienskiplike ferantwurdlikheid wei, hieltyd sykjende nei mooglikheden”, sa seit KfdK de hear Brok. “Alle achttjin Fryske gemeenten, gjin inkelde útsûndere, hawwe oanjûn yn begjinsel ree te wêzen om in bydrage te leverjen oan de opfang fan de ferskate groepen flechtlingen en statushâlders. ”

Net yn alle Fryske gemeenten is op dit stuit asylopfang realisearre. Dit hat ferskate redenen. Sa binne der bygelyks yn bepaalde gemeenten noch trajekten geande foar nije reguliere opfanglokaasjes, tydlike lokaasjes of it ferlingjen fan besteande lokaasjes. Dêrneist binne der gemeenten, lykas de Waadeilannen, dy’t ree binne om by te dragen troch lytsskalige opfang. Omdat dêr lanlik noch gjin mooglikheden foar binne, kin dizze potinsjele opfangkapasiteit noch net effektuearre wurde.

It Ministearje fan Asyl en Migraasje makket de provinsjale ferslaggen en plannen fan alle provinsjes hjoed iepenbier.

Effekt Spriedingswet

In oanfolling op de provinsjale ferslaggen en plannen hawwe de kommissarissen fan de Kening in mienskiplike brief oan de Minister fan Asyl en Migraasje stjoerd. Dêrmei dogge de kommissarissen in berop op de Minister om gjin beslút oan de Keamers foar te lizzen om de Spriedingswet yn te lûken foardat der in deugdlik alternatyf foar genôch asylopfangplakken leit. “We kunnen constateren dat de Spreidingswet nu al effect sorteert: de gemeentelijke plannen laten zien dat de komende twee jaren meer gemeenten dan voorheen asielopvang bieden en we zien ook een beweging van noodopvang naar duurzame opvang.”

Ferfolch

De Minister fan Asyl en Migraasje stelt op basis fan de provinsjale ferslaggen per provinsje fêst hoe’t de provinsjale opjefte ynfolle wurdt. As de provinsje ta in slutende en útfierbere ferdieling kommen is, nimt de Minister dizze ferdieling oer. As dit net slagge is, sil de Minister yn it ferdielbeslút oanjaan hoe grut de opjefte per gemeente yn dy provinsje wurdt. Derfan útgeande dat de Spriedingswet útfierd wurdt salang’t dy fan krêft is, sil de Minister foar de ein fan dit jier per provinsje in ferdielbeslút nimme.