Troch provinsje Fryslân
De provinsje Fryslân stelt yn 2024 € 1 miljoen beskikber foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen. Bestjoeren fan ferienings en stichtings kinne fan 4 oant en mei 21 novimber in oanfraach yntsjinje foar 50% subsydzje foar it ferduorsumjen fan doarpshuzen, sportakkommodaasjes, musea, tsjerken en oare mienskipsgebouwen. Foar begelieding by it yntsjinjen fan in oanfraach kinne bestjoeren terjochte by de streekkantoaren fan de Provinsje Fryslân yn Burgum (Noardeast-), Gorredyk (Súdeast-), Snits (Súdwest-), Frjentsjer (Noardwest-Fryslân) en Harns (eilannen).
Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) stelt de Provinsje Fryslân yn 2024 en 2025 mei-inoar € 2 miljoen beskikber foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen yn Fryslân. Yn de iepenstellings fan 2023 binne mei-inoar 154 gebouwen holpen.
Deputearre Sijbe Knol: “De sportkantines en doarpshuzen drage by oan de leefberens yn de provinsje Fryslân. Dêrom fine wy dy gebouwen wichtich. Wy helpe frijwilligers te ynvestearjen en te ferduorsumjen om sa de enerzjyrekken omleech te bringen. Sa geane wy it ûnnedich ferheegjen fan lidmaatskipsjild fan ferienings en stichtings ek tsjin, sadat elkenien meidwaan kin oan ús prachtige Fryske ferieningslibben.”
Oanfragen IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen
Oanfragen kinne yntsjinne wurde troch stichtings en ferienings dy’t eigener binne fan, of it rjocht fan opstal of erfpacht hawwe op, besteand maatskiplik ûnreplik guod foar mienskiplik gebrûk sûnder winstdoel. It projekt is maksimaal €35.000,- beskikber oant in maksimum fan 50% fan de kosten. Inisjatyfnimmers meie subsydzje oanfreegje foar it ferduorsumjen fan gebou(wen) en bykommende kosten (bygelyks it ferfangen fan in dak foar’t der sinnepanielen op kinne).
Beoardielingskritearia
De yntsjinne projekten wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike advyskommisje besteand út ûnder oaren in ynstallateur, ferduorsumingsadviseur, en ponghâlders fan ferienings út de provinsje Fryslân. Sy bepale op basis fan beoardielingskritearia hokker projekten subsydzje ûntfange. De advyskommisje beoardielet dit op grûn fan de folgjende kritearia: Ferduorsuming, Besparring alle jierlikse kosten, Mienskipswearde en Útfierberheid.
It oanfreegjen fan IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen is mooglik fan moandei 4 oant en mei tongersdei 21 novimber 17.00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje oer de regeling op https://www.fryslan.frl/imfverduurzaming.