Categorieën
Niet gecategoriseerd

Agricola waarnimmend boargemaster De Fryske Marren

Troch provinsje Fryslân

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat de hear N.L. (Klaas) Agricola beëdige as waarnimmend boargemaster fan gemeente De Fryske Marren. Agricola, op dit stuit noch boargemaster fan de gemeente Dantumadiel, folget de hear mr. F. (Fred) Veenstra op dy’t op 19 novimber 2024 ynstallearre wurdt as boargemaster fan de gemeente Smellingerlân.

Op 4 novimber oansteande sil Agricola starte. Hy bliuwt oan ta de beneaming fan in nije Kroanbeneamde boargemaster fan De Fryske Marren. Dy beneaming fynt nei ferwachting begjin septimber 2025 plak. Agricola sil nei it waarnimmerskip mei pensjoen gean en net as boargemaster weromkomme nei Dantumadiel. It is foar de twadde kear dat in boargemaster fan Dantumadiel waarnimmend boargemaster fan De Fryske Marren wurdt. De hear A. (Arie) Aalberts wie der fan 2014 oant 2015 waarnimmer, wêrnei’t de hear Veenstra him opfolge as earste Kroanbeneamde boargemaster.

De kommissaris fan de Kening en in riedsdelegaasje fan De Fryske Marren hawwe ôfpraat dat der in waarnimmer komme soe ta de komst fan in Kroanbeneamde boargemaster. De gemeenteried hat oan de kommissaris winsken kenber meitsje kinnen wêr’t de waarnimmer oan hearde te foldwaan. De gemeenteried sil fan no ôf oan de slach mei in profylskets foar in nije Kroanbeneamde boargemaster. De wervingsproseduere sil starte neidat de profylskets troch de gemeenteried fêststeld is.

Mei in riedsdelegaasje fan Dantumadiel sil de kommissaris fan de Kening ynkoarten yn petear oer de opfolging fan Agricola.

Agricola is sûnt 1 desimber 2017 boargemaster van Dantumadiel. Dêrfoar wie er wethâlder yn de gemeente Dalfsen (Oerisel) en yn ferskate funksjes wurksum yn it bedriuwslibben yn de agraryske sektor.