(tekst: Abe de Vries)
Sa by de tiid lâns hawwe hiel wat pommeranten út de kultuerwrâld moard en brân skreaud as der wer ris barbaarske besunigingen drigen op de help en stipe fan de oerheid. Alle kearen wol koenen wy de klok dan lyksette op de klank fan sympatike, stypjende lûden. Fan politisy of oare belutsenen dy’t reagearren en it mei it ôfknipen net iens wienen, dy’t dan steefêst moaie soundbites ophoastje koenen oer it almeugend grutte belang fan kultuer en beskaving en dat it sa werklik net kin.
Klik troch op: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/07/in-yn-e-steek-litten-kultuer.html