Troch provinsje Fryslân
Hjoed, freed 27 septimber, presintearre Qbuzz de nije bussen wêrmei’t se yn Fryslân ride sille. Deputearre Matthijs de Vries makke as earste passazjier in rit. Fan 15 desimber 2024 ôf, de start de fan de nije buskonsesje, set Qbuzz de nije bussen yn. De bussen hawwe in nije útstrieling troch de kleuren fan de fernijde hússtyl fan de provinsje Fryslân: giel mei donkerblau.
Ein dit jier rydt Qbuzz mei nije bussen troch stêd en streek yn Fryslân. De bussen binne produsearre troch IVECO. De bussen binne tagonklik foar minderfalide reizgers troch in yn- en/of útstap op likense hichte mei de bushalte, minderfalide plakken en kleurkontrasten op stopknoppen en opstapkes foar minsken dy’t min sjogge. Njonken dizze stêds- en streekbussen komme der noch nije Qliners.
“Wy binne grutsk op dizze nije bussen. Foar de reizger in komfortabele bus, wêrtroch’t reizgjen mei it iepenbier ferfier oantreklik is. De fernijde hússtyl fan de provinsje is yn it ûntwerp trochfierd, wêrtroch’t de bussen yn Fryslân werkenber binne en in nije frisse útstrieling hawwe,” seit deputearre De Vries.
Foar de sjauffeurs biede dizze nije bussen wurkkomfort. Der is bygelyks in eigen temperatuer- en luchtstroomregeling en ek de sjauffeursstoel is foarsjoen fan kuolling en ferwaarming. Kamera’s mei gruthoeklenzen ferfange de bûtenspegels. Hjirmei hawwe sjauffeurs ek nachts goed sicht en binne deade hoeken goed sichtber.
Eftergrûn Qbuzz
Fan 15 desimber ôf rydt Qbuzz yn Fryslân. De ôfrûne tsien jier fersoarge Arriva it busferfier yn Fryslân. Qbuzz fersoarget it iepenbier ferfier op it stuit yn Grinslân-Drinte, Utert (ûnder de merknamme U-OV) en Drechtsteden-Molenlanden-Gorinchem.